Foar de fyfte kear in Rûnsjongjûn, dizze kear op 16 maaie

WITMARSUM Op in ûngetwongen manier meimekoar muzyk meitsje, dat is de bedoeling fan de ‘Rûnsjongjûn’. De ien spilet op in ynstrumint, in oar sjongt en wer in oar docht beiden.

Meimekoar muzyk meitsje is net allinnich gesellich en leuk, mar it ferset de sinnen ek. Boppedat iderien kin muzyk meitsje, as it no mei in ynstrumint is as mei de stim.

Omdat der al in pear kear mei in groep fan sa’n 20 gitaristen fan de Wytmarsumer Gitaaracademie yn De Roskam in hiele jûn musiseard en songen wie en it yn it Wytmarsum al rûnsong dat dat sokke gesellige jûnen wienen is der al fjouwer kear earder in saneamde ‘Rûnsjongjûn’ (muzykjûn dus) organisearre.

Omdat it alle kearen in boppeslach wie is besletten op 16 maaie foar de fyfte kear yn De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum opnij in ‘Rûnsjongjûn’ te organisearjen wêrby muzikanten, sjongers en fansels harkers fan herte wolkom binne.

De bedoeling is dat der wer spontaan muzyk makke wurdt. De oanjaaiers, binne de gitaristen fan de Gitarakademy Wytmarsum. Yn de rin fan de jûn wurde in tal lieten meimekoar spile en songen, lieten wêr’t in elk oan meidwaan kin. Muzikanten moatte harren eigen (akoestyske) ynstrumint meinimme. Dat kin in gitaar wêze, mar kin likegoed in fluit, akkordeon, tamboeryn, leppels of wat foar ynstrumint dan ek mar wêze. Foar sjongers is it goed bij stim wêzen foldwaande.

De organisaasje hat der oergryslik folle sin oan en hat der alle fertrouwen yn dat it, lykas de foarige beide kearen, hartstikke leuk wurde sil. Dizze jûn draait om it muzyk meitsjen, sjongen en it harkjen nei muzyk. In elk is fan herte wolkom yn de boppeseal fan de Gekroonde Roskam yn Wytmarsum. De jûn begjint om 20.30 oere en de tagong is fergees.