Blauhúster skoalbern drave rom 2000 euro byinoar foar Schoon Water

BLAUWHUIS - De rom 100 learlingen fan de Blauhúster Sint Gregoriusskoalle hawwe meidien oan de sponsorloop foar de Vastenactie: ‘Schoon water verandert alles’!

Op opbringst wie grut. Froukje Rijpma út Greonterp hat tidens de fiering op Peaskemoandei in cheque fan mar leafst €.2004,20 oerhannige oan Pastor Foekema.

Mei tank oan de bern foar harren ynset en alle heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, tantes en alle oaren foar it sponserjen.