Stifting Aaipop nimt maatregels mei it each op in waarme festivaldei

Nijlân – Peaskemoandei set Aaipop útein mei alwer de 32ste edysje. Stifting Aaipop sil ekstra maatregels nimme mei it each op de waarme Peaskedei.

Op it terrein sille wetterpunten oanlein wurde en der sil in foarried wetter ynslein wurde dat te heljen is by de konsumptjebarren. Ek sil de E.H.B.U. alert wêze op de waarmte.

Stifting Aaipop ferwachtet sa’n 2.500 besikers op harren jierlikse Frysktalige muzykfestival.

Mei in line-up fan fyftjin bands en it nije berneprojekt Aaikepop hopet de organisaasje wer op in slagge dei.