COLUMN | Kopfytse

It is tongersdei 29 novimber, it ein fan de middei. Efkes in frisse noas helje. Bûtendoar yn e loft, krekt as juster en earjuster, kloften guozzen, links rjochts oeral, tûzenen komme der oerfleanen, mei as doel de puollen en Brek. Fansels yn V foarm en drok gakkend. Dizze natuerlik oanlearde fleantechnyk soarget foar in lifteffekt foar de folgjende yn de rige. Dat se ûnder it fleanen mei inoar ‘prate’ hat as doel dat de eftersten de foarsten oanmoedigje.

It is freed 30 novimber, de krante fâlt yn e bus. Ik lês dat der in gebrek oan sterke lieders driget. Mei namme by fakbûnen mar ek yn de polityk en by de plysje. Persoanen mei liederskipskwaliteiten kieze hieltyd faker foar in goed betelle baan plus bonus by multinationals. It skynt dat se yn Den Haach spookbenaud binne dat Rutte nei ‘Europa’ giet.

By liederskip giet it om fisy, it beynfloedzjen fan prestaasjes en de goede rjochting oanjaan. Sûnder goede lieders regeart de waan fan de dei; wêr dat ta laat sjogge we alle dagen op it sjoernaal. Wurdearje dêrom minsken dy’t de holle boppe it meanfjild útstekke, mar nim ek sels de leie yn hannen.

It is hjerst 1972 we fytse mei in grutte ploech oer de Hemdyk nei Boalsert. Troch waar en wyn, altyd ien op kop, om de oaren út e wyn te hâlden. De kopfytsers fan doe binne de lieders fan hjoeddedei, oft se no nei de HBS, húshâldskoalle, LTS of Mavo fytsten.

Sicco Rypma.