FNP ynnommen mei fryske buorden by 11 fonteinen

REGIO

FNP Súdwest-Fryslân is ynnommen mei de tasizzing fan direkteur Oeds Westerhoff, direkteur legacy by de stichting LF2018, dat de tekst op de buorden by alle 11 fonteinen aanstons ek yn it Frysk is. Mar leafst 6 fan de 11 fonteinen steane yn Súdwest-Fryslân.

FNP riedslid Douwe Blom: ,,De measte besikers komme hjir foar de kultuer; dan is it logysk dat se ek de Fryske taal meikrije”.

Omdat der by 11Fountains al in plan wie nije boerden te ûntwikkeljen, wurdt it Frysk no ien op ien meinommen. Der komme in protte minsken op de fonteinen ôf, eltsenien profitearret dêr fan.

Blom: ,,Sa is allinnich al yn myn eigen wenplak Drylts, nei de komst fan de fontein, it tal besikers oan de monumintale mûne yn de stêd ferdûbele”.

Wat de FNP yn SWF oanbelanget komme de meartalige buorden der sa gau as mooglik.