Histoaryske Kulturele

BLAUWHUIS

De Gerben Rypma Stifting fan Blauhús organisearret sneon 27 oktober in histoaryske kulturele kuier.

De route giet ûnder oare oer it paad dat pastoar Adam Petri yn 1651 ôflei, fan Hieslum oer Greonterp nei de Hemdyk.

Hjir stie it Polderhús fan de yn 1632 drûchleine Sinsmar, Petri stichtte der in tsjerke yn. It hûs hie blauwe dakpannen, sa ûntstie de katolike enklave Blauhûs.Yn 1785 is der in tsjerke njonken boud, it Polderhûs waard pastorie. Noch gjin ieu letter is yn 1868, no 150 jier lyn, de earste stien lein fan de hjoeddeiske monumintale Sint Vitustsjerke.

Tidens de tocht is der yn de tsjerke fan Hieslum in lêzing troch Jan Pieter Dijkstra oer de ferbyntenis tusken Hieslum en Blauhús.

Under it pypskoft sjongt Wiebe Kaspersma twa tapaslike lieten, en yn de Mar by Greonterp fertelt Jan Reus oer de tiid, dat hy mei syn famylje op de pleats “Marsain” wenne; der wie gjin paad hinne, sadat se troch it lân nei skoalle yn Blauhús rûnen. De pleats is yn 1966 sloopt.

De histoaryske kuier begjint middeis 1 oere by de jubilearjende Sint Vitustsjerke yn Blauhús, is krapoan 10 kilometer, giet oer paden en troch lân en eindicht om-ende-by 17.00 oere mei noflik romsitten yn kafee “De Freonskip” yn Blauhús.

Ynformaasje oer dielname op www.blauhus.nl