COLUMN | Foar wa komme jo op?

Yn de midsieuwen moasten de measte minsken harren hielendal sels rêde. Sûnder skoalle, sikefûns, fatsoenlike diken, sosjale hierwenning of fêst wurk. Der wie ek sprake fan in saneamde ‘stelselloosheid van de armenzorg´. Sa koe it net langer, dus namen ynstânsjes sa as gilden, lenen en tsjerken it inisjatyf om earme en sike minsken by te stean. Pas yn 1854 kaam de saneamde Armenwet mar dy holp allinnich minsken wêr oaren it lizze lieten.

In grut kontrast mei hoe it tsjinwurdich regele is. De oerheid hat hast alles organisearre mei rigels en wetten. We hawwe learplicht, in grûnwet, ziektewet, wegenwet, wenningwet, arbowet en bijstandswet. As slachrême op e taart binne der subsydzjes mei ien rigel: éarst it plan, dán it jild en net oarsom.

Fiele jo ek in ‘mar’ oankommen?

Mar, wat as al dy rigels en wetten yn tiid fan krapte yniens net mear útfierd wurde kinne? Dan fergje de betinkers fan dizze wetten en rigels ús yniens sels yn aksje te kommen, bygelyks as frijwilliger yn de soarch, snieskower of learkrêft. Mei in deftich wurdt neame we dat dan boargerpartisipaasje.

Wat is it hearlik dat der dan ek minsken binne dy’t it heft yn eigen hannen hâlde. Se hannnelje spontaan, op it gefoel en net neffens al dy wetten.

Sympatike foarbylden fan minsken dy’t sa foar de goede saak opkomme binne de 11-stêdeswimmer yn fersmoarge wetter en de Skearnegoutumer greidefûgel-beskermer mei ferbearne briedmasine. Foar wa komme jo op?

Sicco Rypma.