500 jaar nei de reformaasje wer in mis in Westhem

WESTHEM

500 jier nei de reformaasje wie der snein wer in Eucharistieviering yn de Westhimmer Bartholomeustsjerke.

Pastoar Peter van der Weide iepene de fiering mei: “Welkom in de Moederkerk”, ferwizend nei de saneamde ‘Ecclesia integra’, de folweardige parochytsjerke yn de midskieuwen. It wie ‘Ziekenzondag’. De tsjinst hie as tema ‘vrees niet en ga open’. In oprop om troch dieden fan leafde, genêzing te ûntfangen.

Mei 70 besiters wie it tsjerke flink fol. Kloklieders Eile de Jong en Sybren Jacobi hienen dêr ek ta oproppen.