COLUMN | What’s in a name?

It nijsgjirrige oan taal is dat guon wurden mear as ien betsjutting hawwe. In foarbyld fan sa’n homonymie is it wurd ‘bak’. In bak om wat yn op te bergjen, boeven heare yn de bak, reinwetter komt út e bak, in grutte auto is in bak, we drinke in bak kofje, ite in bak mei mûskes en de bak as grap.

Njonken wurden mei mear as ien betsjutting binne der ek gebouwen mei mear as ien funksje. Sa binne der doarpshuzen en wykgebouwen wêr it brûst fan de aktiviteiten; fan muzyk oant moadeshow en fan tafeltennis oant toaniel.

It monumintale Stedshûs fan Boalsert, wurknamme Historisch Centrum Westergo, krijt ek meardere funksjes,. De byb, musea, gemeente-argyf, toeristenbalie, gemeenteloket en hoareka sille hjir skielk gearwurkje. Koartlyn is ús mei in enkête frege hokker namme dit projekt krije moat. De trije foarbyldnammen: It Ferhaal, It Pronkhûs en Tiidhûs sprutsen my net echt oan.

As jo rekken hâlde mei de histoaryske en takomstige funksjes fan it Stedshûs, en de status fan Boalsert as Kulturele haadstêd fan SWF, is der mar ien namme mooglik en dat is: ‘Kultuerhûs Boalsert’. Dat jout tagelyk inspiraasje foar nóch mear funksjes, sa as top-troulokaasje, konferinsjesintrum en fansels as ynternasjonaal kloppend hert fan de Alve Stêden.

It unike oan ‘Kultuerhûs Boalsert’ is dat jo daliks yn e gaten hawwe wat der te dwaan is en wêr it stiet. In namme moat de lading dekke. Shakespeare’s ‘what’s in a name’ giet hjir net op.

Sicco Rypma.