17 jonge dichters oer monuminten Warkum

WORKUM

Bern fan (aspirant-)trijetalige basisskoalle It Finster hawwe meidien oan in dichtwedstriid.

De learlingen fan groep 7 hawwe dichte oer monuminten yn Warkum. De wedstriid is organisearre as tarieding op Iepen Monumintedei (8 septimber). De bern krigen earder al in rûnlieding by de monuminten del om ynspiraasje op te dwaan.

De gedichten waarden beoardiele troch skriuwer en dichter Paul van Dijk, Jaring van der Veen (Stadsherstel Workum) en Dorien Hamstra (Cedin). De bern hawwe gedichten yn it Nederlânsk, mar ek yn it Ingelsk en it Frysk skreaun.

Woansdei 18 july hat wethâlder Stella van Gent de priiswinners bekendmakke. De winnende gedichten wurde op Iepen Monumintedei foardroegen by skipstimmerwerf De Hoop. Dat monumint hat nammentlik in pear jier lyn de wedstriid wûn fan moaiste monumint fan Súdwest-Fryslân.