COLUMN | Unifoarm

Alles moat tsjintwurdich mar opinoar lykje, ynifoarm wêze. Sadree trendsetters sizze dat it yn ‘e moade is, fine ‘wy’ dat ek, om der by te hearen. Inkelde foarbylden: wide klean, stoere auto’s, iPhone X, koart hier mei flink burd, reade krystballen, hip klassike meubels en in roas as tattoo. Sadree de trend foarby is, moatte we wer ta de beurs en opnij begjinne. It skynt dat Tinder en Yoga út is en mei sokken oan yn sandalen wer yn. Gelokkich is dat allegearre frijbliuwend.

Nét frijbliuwende uniformiteit is it beslút fan hegerhân om ús Frysk Readbûnte fee - omdat se skite - yn te ruiljen foar, de kop gruttere, Holstein-Friesians. Of dat it fraaie lânskip opoffere wurde moat oan produksje, en der aanstons njonken in kleurryk bijenlint - krekt as yn de rânestêd - in yndustrielint troch de provinsje rint.

Ek it Frysk hat swier te lijen fan it unifoarmfirus, we moeten ons maar ferbreken, wylst it mei in bytsje ynspanning te ferstean en te learen is. Noch in dogma is dat krimp net te bestriden is en der dus sterfhuiskonstrukjes betocht wurde yn stee fan kânsen te kreëarjen. Wol de lêste ynwenner it ljocht út dwaan.

Mar, it kin noch slimmer. Guon minsken binne pûr en easkje dat der noch mar ien type krante oerbliuwt dy’t allinnich mar nijs skriuwt wat dizze lilke minsken sels past. En dogge kranten dat net, dan wurde se bedrige. Dus achte lêzer, hooplik oant oer fjouwer wike.

Sicco Rypma.