COLUMN | Smaaklik iten

Dizze wike hâldt Willem Foorthuis fan de Hanzehegeskoalle de Groenluch-Lêzing oer it projekt ‘Eetbaar Fryslân’. Hy ûndersiket oft in saneamd koart voedselketen (tichteby de konsumint produsearre) foldwaande iten foar alle Friezen opsmyt.

Yn de LC fan 13 april gie it oer grûnbûn buorkjen (feefoer tichteby de ko produsearre). ‘ Koeien moeten meer gras gevoerd krijgen en minder soja en palmpitten’. Kij geane dus aansten de greide yn, ite gers, wjerkôgje en jouwe molke. Kij blij, en it skeelt in bulkauto fol tropysk foer.

Yn ús lân leverje 65.000 boeren produkten oan 6.500 fabrikanten. De fabrikanten dogge hannel mei 5 grutte ynkeapkantoaren dy’t oan 25 supermerkketens leverje. Dizze ketens bestiere 4.400 supermerken en ferkeapje boadskippen oan 7 miljoen húshâldens dat binne 16,7 miljoen konsuminten. Dit systeem stiet no fei want molketappunten binne yn opmars én der is in Streekboer ôfhelpunt by De Welkoop Boalsert iepene.

De Streekboeren reizgje net lang mei harren produkten, garandearre sa farsk iten en it skeelt ek nochris ferpakkingsmateriaal. It artikel slút ôf mei: ‘Daarnaast is de prijs op de site ook daadwerkelijk de prijs die de boer krijgt voor zijn producten’. Fair Trade, yn geef Frysk. It iennige wat jo as konsumint noch dwaan moatte is it farske iten klearmeitsje ynstee fan it iepenjen fan in pot, blik of plestik.

Us iten wurdt hieltyd faker tichteby hûs produsearre. En it kin nóch tichter by; spit ris in stikje tún om, it is wer tiid om te siedzjen en te plantsjen. Smaaklik iten.