Peasaaie-rûte foar bern troch Boalsert

BOLSWARD

Ut it Gysbert Japicxhûs wei kinne bern in peasaaie-rûte rinne. Fan woansdeitemiddei ôf start der in rûte út de winkel en it museum fan it Gysbert Japicxhûs wei. Yn de rûte kinne bern sykje om peasaaien troch de stêd en moatte der fragen oer de stêd Boalsert beantwurde wurde. Bern skriuwe mei in echte guozzefear en ûnderweis kinne sy wat lekkers krije. As de fragen beantwurde binne en de rûte is klear, dan graach wer melde yn ‘it hûs’ oan de Wipstrjitte 6, dêr stiet dan in aardichheidsje klear. Oant sjen yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. Jonge bern graach mei begelieding, de rûte rinne is op eigen risiko. Ynformaasje: 0515-573990