COLUMN | Opoffering

Om wat te berikken, moatte jo offers bringe. Sjoch mar nei it nije regear, it hinget fan offers oaninoar. It is yn it echte libben net oars, jo krije net alles kado. It hâldt yn: geduld opbringe, striden bliuwe en it goede foarbyld jaan. Allegear om jo ideaal te berikken, óf om in oar te helpen, it is fan alle tiden. Op Goedfreed is mei de Krúswei in grut offer brocht troch te lijen en te stjerren foar in oar. Dit belangryk bibelske ferhaal hat al hiel wat minsken ynspirearre. Fan keunstskilders oant komponisten en fan teologen oant telefyzjemakkers. Sa hat Jacob Ydema hiel bysûndere Krúsweistaasjes yn de Sint Ludgeruskerk fan Balk skildere en bringt de Oratorium Vereniging Bolsward ek dit jier wer de yndrukwekkende Mattheus-Passie fan Bach. Freed kinne jo yn tsjerken, as besinning, dielnimme oan de Krúswei. Of thúsbliuwe, en nei The Passion op TV sjen. Dat lêste fyn ik persoanlik wer in opoffering. Fan de Mattheus krij ik pikefel mar fan The Passion kromme teanen.

Ferline wike wie der yn de strjitten fan Burchwert ek in soarte Krúswei, ynklusyf Himelfeart. 150 Gasten en 130 lokale spilers, sjongers en muzikanten offerden harren op, troch yn it tsjuster mei strymjend kâlde winterwyn, te sjen, te lústerjen, te priuwen, te rûken en te fielen oan ‘Sjen yn it Tsjuster’. In fantastysk Teaterstik oer it wurk en libben fan de Burchwerter dichter Tsjêbbe Hettinga. Oan it ein fan de Sybearysk kâlde jûn wie der gjin inkele wanklank mar wol in dik fertsjinne waarm applaus as beleaning foar de opoffering.