Jierlikse karweikedei Kûbaard op 10 maart

Kûbaard

De jierlikse snoei-, snipper- en himmeldei yn en om Kûbaard, koartsein de Karweikedei, is diskear op sneon 10 maart. De ferwachting is dat wer tsientallen frijwilligers oan de Karweikedei meidogge dy’t finansjeel mei 400 euro stipe wurdt troch de lanlike aksje NL Doet op 9 en 10 maart.

Ien fan de fêste karweikes is it snoeien fan de wylgen lâns de tagongswegen. Ek komt der fan partikuliere hiemen mear snoeihout los. Op de aksjedei wurdt troch de fêste snipperploech alle snoeihout masinaal fersnippere en de spuonnen wurde beskikber steld oan Kûbaarder túnkers, bygelyks foar in effektive bestriding fan ûnkrûd ûnder hagen en strûken.

Oare karweikes binne it himmeljen fan brêgen, de boarterstastellen fan de boarterstún, kombuorden en oar strjitmeubilêr en it sammeljen fan swerftroep. Ek moat der noch in goede oansluting fan it nije heechhout oer de Haven fan Kûbaard nei it sportfjild makke wurde. As it waar it talit wurdt in fracht nije skulpen oer it paad fan it tsjerkhôf kroade. Dêrfoar is in ploech kroaderiders en opskeppers nedich.

Ta beslút krije alle frijwilligers fan Kûbaard dy’t harren op ien of oare wize tsjinstber meitsje oan de doarpsmienskip oars as oars in sjineeske rystafel oanbean yn it Mienskipshûs.