Boek ‘Rop my werom’ oer Tsjêbbe Hettinga presintearre

BURCHWERT

Yn it Doniahûs yn Burchwert is freed 2 maart it nije boek ‘Rop my werom’ oer Tsjêbbe Hettinga presintearre.

Yn ‘Rop my werom’ wurdt in byld sketst fan de earste stappen fan de jonge dichter yn syn bertedoarp Burchwert en yn syn bestean as dichter.

‘Rop my werom’ is it refrein by Hettinga’s ‘Lytse Jonge’, in lyrysk gedicht oer it lân rûnom it doarp fan syn jeugd, Burchwert, yn de jierren ’50.

Elke strofe wurdt folgje troch it refrein: Jonge, lytse jonge / Rop my / Rop my werom, werom.

It boek is in echt mienskipsprojekt. Burchwerters en âld-Burchwerters hawwe de ynformaasje jûn dy’t de basis foarmet foar dizze nije publikaasje.

Tekstskriuwer, oersetter, fotograaf en foarmjouwer, se komme allegearre út it doarp sels. It earste eksimplaar is freed troch Burchwerter Liskje Flapper útrikt oan Wypkje en Piter, dochter en soan fan Tsjêbbe Hettinga.

‘Rop my werom’ is te keap by Boekhuis Boalsert en Warkum en is útjûn troch DeRyp fan de Gerben Rypma Stifting Blauhús.