Wommelser ferienings diele gift Lionsclub Boalsert

WOMMELS Op de bestjoersgearkomste fan Stichting de Freulepartij Wommels is woansdeitejûn bekendmakke hokker Wommelser ferienings dit jier de bydrage fan de Lionsclub fan Boalsert krije.

It is in jierrenlange tradysje dat de Boalserter Lionsclub de iisferkeap fersoarget op de dei dat de Freule keatspartij plakfynt. De opbringst hjirfan is altyd bedoeld foar in Wommelser feriening. ,,De Lionsclub wil zich vanuit de oorsprong wereldwijd inzetten voor de maatschappij, en wij doen dat graag in onze eigen omgeving”, sa seit foarsitter Henri Meijering. ,,Bijvoorbeeld door projecten waar geld mee wordt verdiend. Deze ijsverkoop past hier goed bij.”

Dit jier is de kar fallen op hynstesportferiening De Donia’s en de Stichting Speeltuin De Fûgelwyk. De beide ferienings krije elts 250 euro. De ferienings binne troch it bestjoer fan de stichting Freulepartij Wommels útsocht út in grut tal ynstjoerings. Benammen har ynset foar jongeren yn Wommels spruts it bestjoer oan.

De ferienings binne tige wiis mei de gift fan de Lionsclub. ,,Wy soene it jild graach brûke wolle foar de jierlikse ringriderij yn Wommels”. sa fertelt Froukje Breeuwsma fan De Donia’s. Ek de speeltún, dy’t al foar in grut part stiet, kin it jild goed brûke: ,,Wy hawwe noch in eachje op in tûmelrek dat wy graach tafoegje wolle oan ús boarterstún", fertelt Rutger Boudewijn fan it bestjoer fan de boarterstún.