COLUMN | Bûthúsbankje

Fjouwer wike lyn stiene der foto’s fan ferhalenfertellers yn dizze krante. De oprop fan KH2018 hie sukses. Rûnom sieten groepkes minsken ûntspannen nei ferhalen te lústerjen, ferteld troch steds- en doarpsgenoaten.

Twa wike lyn seagen we in grutte foto fan fleurich ferklaaide bern op de foarside. It wie Karnaval, it begjin fan de fêsteltiid, 40 dagen besinning en op ‘e rem.

En hjoed sitte we alwer midden yn de Krookjefakânsje, efkes minder drokte, frij fan deiske ferplichtingen. In wike lang ‘nee’ sizze as antwurd op de fraach: “hoe is it, drok”?

Minsken hawwe sa no en dan ferlet fan ûntspanning, dat is ek gjin wûnder, want it is hast alle dagen plankgas, prestearre en 24/7 online.

Huub van der Lubbe song: ik leer het ook nooit / er is zoveel te doen / en het gaat maar door / en niks wil ik missen / want daar is het toch voor.

Koos van Zomeren skriuwt: Je komme yn it bosk hieltyd faker minsken tsjin dy’t haast hawwe. Wat driuwt dizze minsken, wat sit harren, as it gjin bear is, efternei. Se geane de natuer yn, mar blykber net fóar de natuer.

Kobus Algra song: ‘k sjoch noch dat bankje, dêr efter de kij / hiel gewoan sa stie it derby / stie altyd ree by mannich petear / it bûthúsbankje it is der net mear.

Dus. Sa no en dan in praatsje soe wol ris tige ûntspannen wurkje kinne. Dêrom pleitsje ik foar bûthúsbankjes yn alle doarpen en stêden.