Dammer Jelle Wiersma goed op streek

Gaastmeer

Wommelser Jelle Wiersma hat sneon yn De Gaastmar by de earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul in bêste haal dien. As iennichste koe de kampioen fan 2017 de folle winst ynhelje. Dêrby wie de oerwinning op titelkandidaat.

Marten Walinga fansels hielendal trewes. Boppedat ferlear Foeke Tiemensma, in oare
favoryt, folslein ûnferwachte fan Hein de Vries. De Ljouwerter promovendus drige nei
daam troch te brekken, mar in earste analyze nei ôfrin liet sjen dat Tiemensma miskien dochs noch te gau de hân útstutsen hat.

Fan de fjouwer favoriten foar de titel koe inkeld Taeke Kooistra by Wiersma yn it sok
bliuwe, mar ek de Hartwerter rûn troch in kampspul tsjin Walinga skea op. De
rekordhâlder yn it tal kampioenskippen hat no yn 'e stân in heal punt minder as
Wiersma, en stiet sa lyk mei De Vries, dy't yn syn twadde partij in knappe remize helle tsjin de altyd gefaarlike Aldegeaster Henk Haanstra.

Spitigernôch hat de kampioensklasse dit jier troch sykte fan Sjoerd Jan Bakker in man
minder. De Snitser is dêrmei al automatysk degradearre. De dielnimmers waarden oars ek konfrontearre mei in nijichheidsje. De notaasje fan 'e setten gong net as earder mei pinne en trochslachpapier, mar mei in tablet. Dat hat ta gefolch dat de partijen no streekrjocht op it ynternet te folgjen binne fia de webside tournooibase.kndb.nl.

Utslaggen kampioensklasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Hein de Vries (Ljouwert) - Foeke Tiemensma (Frjentsjer) 1-0. Twadde omloop: Wiersma - Wijbenga 1-0, Kooistra - Walinga 0,5-0,5, Haanstra - De Vries 0,5-0,5.
Stân: Wiersma 2-2; Kooistra en De Vries 2-1,5; Haanstra 1-0,5; Walinga 2-0,5; Tiemensma 1- 0; Wijbenga 2-0.
Twadde acht, earste omloop: Cor Kooistra (Nijlân) - Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0-1,
Fedde Wiersma (Easterein) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) - Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0,5-0,5, Dicky van der Meer (Terherne) - Kees Tijssen (Reduzum) 0-1. Twadde omloop: Walinga - Wiersma 1-0, Groenveld - Kooistra 1-0, Hoogterp - Van der Meer 1-0, Tijssen - Schaap 1-0.
Stân: Tijssen en Walinga 2; Groenveld en Hoogterp 1,5; Schaap en Wiersma 0,5; Kooistra en Van der Meer 0. Tredde acht, earste omloop: Siebren Dyk (Jorwert) - Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1, Sjoerd Couperus (Snits) - Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1, Liuwe Westra (Lollum) - Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Klaas Wiersma (Nijbeets) - Ype Boelens (Menaam) 1-0. Twadde omloop: Dijkstra - Couperus 1-0, Hoekstra - Dyk útsteld, Sikma - Wiersma 0-1, Boelens - Westra 1-0.
Stân: Dijkstra en Wiersma 2-2; Hoekstra 1-1; Boelens en Westra 2-1; Dyk 1-0; Couperus en Sikma 2-0.


Auteur

Redactie