Doarpskrante It Nijslân fan Nijlân wint priis bêste Frysktalige stik

Bolsward Doarpskrante It Nijslân fan Nijlân hat de priis krigen foar it bêste Frysktalige stik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. It Nijslân krige de priis foar it stik ‘Tsjinslach en noch in meifallerke’, skreaun troch Cor Kooistra.

De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Stella van Gent. De útrikking wie yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. In symboalysk plak, om’t Japicx in soad foar de Fryske skriuwtaal betsjutten hat.

De twadde priis (200 euro) gie nei Bulte Nijs (Koudum) foar de tekst ‘Wintermich…sierlike dûnsmich’, skreaun troch Pier Zijlstra, en de tredde priis (100 euro) gie nei De Sylboade (Heech) foar de tekst ‘Fakânsje thús’, skreaun troch Mariet Swart.

It is de twadde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske stik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útsetten hat. “Wy wolle der graach in tradysje fan meitsje”, seit Van Gent. Foar dit jier wurdt de priisfraach ek wer útsetten.

Kursus ‘Skriuw mar Frysk’
As tarieding op ’e priisfraach hat de gemeente de redaksjes fan ’e doarps-, wyk- en stedsblêden in kursus ‘Skriuw mar Frysk’ oanbean. ,,Wy fine it belangryk dat de redaksjeleden yn har memmetaal skriuwe kinne, dat sy it Frysk sichtber meitsje. Sy binne ambassadeurs fan ’e Fryske taal”, jout wethâlder Van Gent oan.

25 ynstjoeringen
Yn totaal hat de gemeente 25 Frysktalige teksten ûntfong. Van Gent: ,,In prachtich oantal, mar mei de útwreiding fan ús gemeente mei 15 doarpen fan Littenseradiel ferwachtsje wy it kommend jier fansels it dûbele tal ynstjoeringen.”

De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan de Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom wie ûnder de yndruk fan ’e ynstjoeringen. ,,It Frysk is in libbene taal, dat docht ek wer moai bliken út it tal ynstjoeringen foar dit jier,” seit er. ,,De stikken litte sjen hoe weardefol it is om ferhalen mei-inoar te dielen. It draacht by oan it mienskipsgefoel, it is in utering fan kultuer dy’t it fertsjinnet om yn it sintsje set te wurden.”

Njonken Blom, riedslid foar de FNP yn Súdwest-Fryslân, bestie de sjuery út Jantine Weidenaar (sjoernalist by Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (skriuwer).


Auteur

Redactie