COLUMN | Jap Bank

Bolsward

Koartlyn hiene we noch mailkontakt oer âlde foto’s fan Blauhús en syn artikel yn dizze krante oer de stoepepeal fan Jonkershuzen. Mar ynienen stie syn rouadvertinsje yn e krante: Jacob Ysbrand Galama (1923-2018). Galama wie fan 1947 oant 1971 kassier fan de Coöperatieve Raiffeisen – Boerenleenbank Blauwhuis, letter wie ‘r adjunkt-direkteur yn Boalsert. Jo krigen net samar kredyt fan Galama, mar mei de sparwike wie it altyd feest op e bank, myn favorite kadoke wie de bouplaat.

Jacob Galama, yn de folksmûle ‘Jap Bank’, wie njonken kassier, ek bestjoerlik aktyf; meastal as foarsitter, faak mei syn fêste bankemployee Zus Witteveen as ponghâlder. Dit span regele ek de EHBO, en dat wie mar goed ek.

Op in dei batste ik boartsjendewei troch in rút, it like mâl, der wie al gau in grutte plasse bloed. Us heit fytste streekrjocht nei de bank om help. Om tiid te winnen sprong Galama op heit syn fyts, EHBO koffer ûnder de snelbiners, rjochting slachtoffer. We wennen oan in feart mei brechje, hjir oankommen skeat Jap Bank mei fyts en al de ûnderwâl yn, de fyts hie blokjes en gjin weromtraaprem. It is doe gelokkich goed ôfrûn mei ús beiden.

Mei de Blauhúster reüny yn 1999 krigen alle gasten in badge om de namme der op te skriuwen. Galama sette der ‘Jap Bank’ op: “Want fan Jacob Ysbrand Galama hawwe se yn Blauhús noch nea heard”. Oant ferline wike dus, doe stie syn offisjele namme yn e krante.


Auteur

Sicco Rypma