Tema Bernard Smilde priis 2018: ‘moarnsliet’

BOLSWARD

Seis jier lyn hat de ‘stichting Krúspunt’ de Bernard Smilde priis ynsteld. Elk jier waard der in nij tema útsocht dêr’t it yn te stjoeren liet of fers oer gean moast. It tema foar 2018 is ‘moarnsliet’.

De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt. De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin. It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien. De priiswinner wurdt bekend makke op ’e Krúspuntdei sneon 21 april 2018. Ynstjoeringen moatte uterlik 12 maart 2018 binnen wêze. De ynstjoeringen kinne stjoerd wurde nei: adm@kruspunt.nl.

Auteur

Redactie