COLUMN

Bolsward

“It wurdt hieltyd dreger om inoar yn it deistige libben persoanlik te moetsjen”, sei ús Kening yn syn Krysttaspraak. Hy wiist nei de ynfloed fan ynternet, telefyzje, facebook en twitter. En nei it tebek rinnen fan it tal tradisjonele moetingsplakken sa as tsjerke en ferieningen. Krysttiid, âld en nij en jo jierdei

wurde tsjinwurdich fia socialmedia fierd, mei mear freonen dan yn jo húskeamer passe. In moaie skoare mar op dizze wize wurde we wol húshinnen. We fytse ek hast net mear mei-inoar nei’t skoalle of it wurk. En as we dat al dogge, earkes yn. De Kening hie ek sizze kinnen: “Myn frou en ik iepenje KH2018. In grut ynternasjonaal kultureel barren rûnom yn Fryslân. It begjint mei ferhalenfertellers op freed en op sneon foarmje koaren, orkesten, fanfaren en brassbands ien grut orkest yn de binnenstêd fan Ljouwert. Rûnom yn de provinsje liede de tsjerkeklokken as symboalysk fjoerwurk en as startskot foar Fryslân Kulturele Haadstêd 2018”. In jier lang binne muzikanten, toanielspilers, keunstners, dûnsers en frijwilligers yn’t spier om ús en alle gasten sjen te litten hoe ryk Fryslân oan Kultuer en Natuer is. Leafhawwers en kritisy sette in jier lang alle sintugen op skerp; rûk, priuw, fiel, sjoch en lústerje. It Keningspear soe KH2018 ek ôfslute moatte. De speech is al klear: “Wy komme werom op de wurden út de Krysttaspraak. Yn Fryslân is der gjin gebrek oan persoanlik moetsjen. Oaren kinne der in foarbyld oan nimme. Kultuer ferbynt”. In lokkich, sûn en kultuerryk 2018 tawinske, Sicco Rypma.

Auteur

Redactie