COLUMN | Fokke Post

Bolsward

Fanwegen ús lange paadsje nei de foardoar, hiene we thús in trochgong yn e hage nei de buorlju. Handich, want we liezen de krante tegearre. Ek ús fêste briefbesoarger, Fokke Post út Aldegea (Post Oudega W), makke der tankber gebrûk fan. Hy rûn dan by ús foar de keamersruten del en kundige dêr oan wat ‘r besoarge: “in brief fan Anna út e Polder”! Twa tellen letter kleppere de smelle koperen brievebus; en as der ris in doaske fan Termeulenpost by siet, skode hy dat troch de doar. Dat feest wie oer doe’t der ferplicht in griene bus oan e dyk kaam. We seagen Fokke Post allinnich noch mar fan bus nei bus fytsen.

Ferline wike hat minister Kamp oankundige dat de Postmerk op e kop moat: “De tas van de postbode en de brievenbussen raken steeds leger. Dat dwingt ons de postmarkt te herzien.” Mei oare wurden: we ûntfange hieltyd mear post digitaal en de Fokke’s fan dizze tiid komme thús te sitten. Hoewol? Ik sjoch hast alle dagen wol fakatueren ‘krantenbezorger gezocht’ foarby kommen. En der ride ek hieltyd mear koeriers-buskes troch de strjitte; ek ‘s nachts want dan kinne se hurder. Salang kranten noch printe wurde, koeriers net fusearje en pakjes noch net út de 3D printer komme, is de noch folop wurk. Nei syn pensjoen fytste Fokke Post, mei syn frou, mar sûnder PTT pet op, troch de buorren. We seagen doe foar it earst dat ‘r keal wie. Ien kear remme hy út rûtine by ús griene bus, want dy stiet der noch altyd, mar net lang mear.
Sicco Rypma.

Auteur

Redactie