COLUMN | Folgje dyn hert

Bolsward

Der hingje wer rûnom flaggen mei tassen oan de huzen. It is de tiid fan de eineksamens, spannend. Miskien noch spannender: hokker ferfolchoplieding kies ik, wat wol ik wurde? Jo kieze tsjinwurdich net automatysk it berop fan heit of mem, of nimme harren bedriuw oer.

Kieze wurdt noch dreger omdat guon beroppen in negatyf imago hawwe, mei krapte ta gefolch. Sjoernalist Hans Beerekamp (NRC) jout de skuld mei namme oan de Media. Ik tink dat ‘r gelyk hat. Ien artikel, filmke of tweet kin tsjinwurdich al net te kearen skea feroarsaakje. Om dochs foldwaande persoaniel te werven, binne der tsjinwurdich kampanjes om plysje of toskedokter te wurden. Ek it leger en de soarch meitsje reklame. De studint wurdt der al op jonge leeftiid mei konfrontearre. Kies ik foar ‘kâns op wurk’ of wêr myn ynteresse leit. Der is mei namme ferlet fan jongelju mei in oplieding foar de bou of technyk, dy kinne sa oan e slach, mar binne se der klear foar? Guon grutte bedriuwen liede tsjinwurdich sels harren personiel op omdat standerd ûnderwiis net altyd oanslut op de praktyk. It wie yn 1976 al net oars, ik hie myn Detailhannelfakskoalle-papierke en woe krekt as myn maten oan it wurk. Myn motto wie: ‘As men de skoaljierren hân hat, moat men ris fiks oan ‘t learen’. De earste sollisitaasje wie daliks raak. Der wie earst nei my ynformearre en it antwurd wie ‘dat is ien fan Sikke en Marie’ en doe wie it goed, ik koe daliks begjinne. Uteinlik foarmet it libben ús foar it grutste part. Myn advys is dan ek oan alle studinten dy’t twifelje: folgje dyn hert.
Sicco Rypma.

Auteur

Redactie