Greidhoekekuiertocht rûn Wommels

WOMMELS

 Kom Nei Wommels organisearret dit jier op snein 28 maaie de Greidhoekekuiertocht mei in ferassingstocht foar skoalbern bij de ôfstân fan 5 kilometer.

Om 10.30 oere start de 25 kilometer om 12.00 oere de 15 kilometer en de 5 kilometer om 13.00 oere. De start en de oankomst binne op ‘e Terp. De routes lizze dit jier oan de westkant fan Wommels en gean oer parten fan de Slachte en lâns prachtige binnenpaden en wurde feestelyk ynhelle mei shantykoar ‘Top en Twelsjongers’. Skoalbern kinne maaidwaan oan de ferrassingstocht fan 5 kilometer en kinne neist it beheljen fan in medalje ek noch kâns meitsje op ien fan de weardebonnen dy’t troch Warenhuis van der Velde beskikber steld binne. Opjaan kin fia it online ynskriuwformulier op de webside fan Kom Nei Wommels. Sneintemoarnom om alve oere set op de Terp de jiermerk mei mear dan 60 kreammen út ein. Om de Terp hinne wurdt tagelyk ek in rommelmerk / kofferbakferkeap hâlden. Tidens de merk sil de brânwacht fan Wommels demonstraasjes sjen litte. Tuskentroch kinne de minsken ek bij harren terjochte foar ynformaasje oer brânprefinsje yn hûs. Der binne geregeldwei ek oare demonstraasjes en der is trochrinnend musyk. Yn de rin fan de middei en oan it begjin fan de jûn sil sjonger Joop Obama ek geregeld optrede. As om seis oere de kreamen opromme wurde bliuw dan noch gesellich in skoftke hingjen, der is dan gelegenheid om wat te iten en te drinken en der is in noflik stikje muzyk.

Auteur

Redactie