COLUMN | Wat muzyk mei minsken docht

Bolsward

Maaie wie wat my oanbelanget, muzikaal sjoen, in útsûnderlik bysûndere moanne. En dan bedoel ik sawol kwa melodijen as teksten. Sa spile ús Fanfare by de betinking op 4 maaie ‘Nearer, My God, to Thee’, in skitterjende hymne fan Lowell Mason (1792-1872) dy’t jo pikefel besoarget, ek nochris fersterke troch it momint.

In lytse wike letter lústeren we by in hiele fertrietlike begraffenis nei ‘Testament’ fan Bram Vermeulen: Dood ben ik pas als jij dat bent vergeten. Muzyk is emoasje. As Guus Meeuwis sjongt: “Was men maar op Brabant, zo trots als een Fries”, is myn dei goed. “Music speaks louder than words” sei dj Armin van Buuren ferline wike yn in útferkocht Amsterdam ArenA, doe’t ‘r de Snitser drumband Advendo oankundige. It dak gie der ôf, it publyk wie suver fan it sintrum. Koartlyn kaam it boek ‘Singing in the brain’ fan Erik Scherder út. Hy beskriuwt dat muzyk wûnderen ferrjochtet, harsens stimulearret, minsken út in koma hellet. Fan muzyk is bekend dat it pine fersachtsjend is en stress ferleget, at it jo eigen muzikale foarkar is. Muzyk is in universele religy, muzyk ferbynt, hat de krêft om minsken byinoar te bringen. Dus, stjoer wrâldlieders ferplicht op muzykles, hooplik krije se dan ynspiraasje om alle kanonnen foar lûdsprekkers te ferfangen, wêr dan John Lennon’s ‘Imagine’ út galmet. “C’est le ton qui fait la musique”, it is de toan dy’t de muzyk makket. Roppe en raze helpt net.
Sicco Rypma.

Auteur

Redactie