Eksposysje yn Blauhûs ferbynt Forset en Literatuer

Bolsward

Grêf yn Blauhûs

foar buorfrou H. yn G. Hy naeide út, mar ûntkaem net, en waerd rekke, en stoar, achttjin jier âld. In striidber opskrift ropt fan alles, mar fan in brún gimmelearden portret sjocht in dimmen en stil gesicht. In bern noch. Dach leave jonge. Jo, dy ’t kening binne, dit en dat, hwat al net, ja, ja, kom der ris om, Jo witte werom ’t it is, ikke net. Dat keninkryk fan Jo, Jo witte wol, wurdt dat noch hwat? Dit is in forfryske ferzje fan it gedicht ‘Graf te Blauwhuis’ fan de folksskriuwer Gerard Kornelis van het Reve. Hy skreau it nei oanlieding fan de tragyske dea fan Gerrit Rypma, dy ’t op 8 febrewaris 1945 by in razzia by Abbegeaster Ketting bisocht om oan de kloeren fan de bisetter to ûntkommen. Reve hearde dizze stoarje yn Greonterp, dêr ’t er húsmanne fan 1964-1971, fan syn buorfrou Sjuwke Hofmeijer-Rijpma (1923-2001), dy ’t in suster fan Gerrit is. Mei syn broer Yp spile Gerrit fan ruten doe ’t heite’ pleats op ’e Ketting op niisneamde dei ek ‘bisite’ – en net sokke forneamde – krige. Se naeiden út yn in boatsje en bisochten harren yn it reid to forskûljen. Yp ûntkaem mar de jonge Gerrit rekke yn panyk, forlear it stjûr oer himsels, naeide út en waerd op ’e flecht delsketten. Hy waerd noch nei it âlderlik hûs brocht en stoar dêrre letter op dy dei oan syn forwounings. Doe ’t Reve op in snein nei in Misse yn de St. Vitustsjerke fan Blauhûs ris hwat omstrúnde op it dernjonken lizzende tsjerkhôf kaem er de stien tsjin. Dat inspirearre him ta dit gedicht dat opnommen is in het boek ‘Nader tot U’, dêr ’t er doe mei dwaende wie. Letter is Gerrit Rijpma, mei tastimming fan de famylje, troch de Stichting Oorlogsgravenstichting 1940-‘45 op ’e nij bigroeven op it nasjonale earefjild yn Loenen (by Apeldoorn). De titel fan it gedicht is ek de titel fan in lytse útstalling yn de saneamde Gerben Rypmakeamer fan café ‘de Freonskip’ yn Blauhûs, dy ’t op freed 28 april iepene waerd – en oant en mei 30 septimber to sjen is - troch de beide ‘kompanen’ fan doe fan Van het Reve, Willem Bruno van Albada (Teigetje yn it wurk fan Reve, sa ’t er himsels letter neamde) en Hendrik Lambertus van Manen, dy ’t ek bikend is as Woelrat. Beide hearen binne tsjintwurdich libbenspartners en aktyf yn de moadebranche. De útstalling is opset troch de Gerben Rypmastifting, dy ’t al mannich eksposysje, kuijertochten, midsimmerjoune-nocht mei muzyk en foardrachten, ensafh. op har konto hat.  Ek dizze kear is mei in minimum oan ‘ark en reau’ in maximael risseltaet op it kleed dellein. Foto’s en dokuminten fan de Rijpma’s binne to sjen, sels it ‘brún gimmelearden portret’ fan de ûnderwilens al lang opromme grêfstien fan Gerrit is der to finen. Boppedat lizze der ‘artefakten’ fan Reve, bygelyks it orizjineel fan it boppeprinte gedicht en de pinne dêr ’t it mei skreaun is. It sil de lêzer gjin nij dwaen dat de earstkommende 4-maeije bitinking yn Blauhûs yn it teken stiet fan de neitins oan Gerrit Rypma en dit gedicht, dat neffens Woelrat de essinsje fan de oarloch hiel krekt oantsjut en in protte lju oansprekt en withoefaek yn tsjerke – binammen it lêste part derfan – brûkt wurdt. Mei it gedicht ‘Het lied der achttien doden’ fan Jan Campert, de heit fan de allyksa forneamde skriuwer/dichter Remco, is Reve syn skepping in unicum yn de oarlochsliteratuer fan Nederlân yn en oer WO II, fynt er. Mear as 70 jier letter wurde noch altiid jonges, famkes, âlders, pakes en beppes de dupe fan gelikenssoartige regimes. In protte lju hawwe der yn dat ramt bisjoen dan ek in swiere mûtse oer op oft der ea in antwurd komt op dy oan de ein fan it gedicht oan it Opperwêzen stelde fraech…

Auteur

Redactie