COLUMN | Ynnovaasje

Bolsward

Ein jierren ’60 is by ús yn it doarp de foeraazjeman kastlein wurden; jierren letter ferklapte ‘r: “ik koe yn it begjin noch net iens teewetter koaitsje”. Mar it learde flot. Begjin jierren ’70 skaften se as earsten yn Nederlân in patatautomaat oan; kwartsjes der yn, wachtsje, en dêr wie dan ynienen de beker mei ‘vers gebakken patat’. In nouveauté. Wat jierren letter folge in kreative oplossing foar it hinne en wer slepen mei swiere bierfetten by it doarpsfeest: in bierlieding ûnder it feestterrein troch. Beide grutte barren koene sa fan bier fersjoen wurde. It ferhaal wol dat, doe’t it feestterrein beboud wurde soe, der op it gemeentehûs drok fergadere is oer in boustop yn ferbân mei in net-registrearre lieding.

Der lizze tsjinwurdich bosken liedingen, kabels en buizen ûnder de grûn, mar hoelang noch? De gaslieding begjint yn Grins mar it ein fan it gebrûk fan gas is yn sicht. De wetterlieding begjint by Spannenburg, at we de reinwetterbak wer ynfiere is dat ek oer. De glêstried begjint by in grutte kompjûter, mar data kin tsjinwurdich ek troch de loft. De stroomkabel begjint by grutte sintrales mar oer in pear jier miskien wol op jo dak. Dan is al dat graven yn ‘e grûn oer en komt it boaiem-libben wer ta rêst. Om dat libben yn de boaiem te beskermjen, wurdt der ek net mear mei gif spuite. Dizze wike stie der in hovenier yn ‘e krante, hy bestriidt de beareklau mei koaitsjend wetter. At de gefaarlike plant aanst nearne mear foarkomt, kin de hovenier altyd noch kastlein wurde.
Sicco Rypma.

Auteur

Redactie