Rûnsjongjûn Wytmarsum op 20 april

WITMARSUM

Op in ûngetwongen manier meimekoar muzyk meitsje, dat is de bedoeling fan de ‘Rûnsjongjûn’. De ien spilet op in ynstrumint, in oar sjongt en wer in oar docht beiden.

Meimekoar muzyk meitsje is net allinnich gesellich en leuk, mar it ferset de sinnen ek sa hat de ôfrûne 3 jier wol bliken dien. Boppedat iderien kin muzyk meitsje, as it no mei in ynstrumint is as mei de stim! Koart kriemd: it is wer heech tiid foar de jierlikse ‘Rûnsjongjûn’! Dêrom is besletten op tongersdei 20 april foar de 4de kear yn De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum in “Rûnsjongjûn” te organisearjen wêrby muzikanten, sjongers en fansels harkers fan herte wolkom binne. De bedoeling is dat der wer spontaan muzyk makke wurdt. De oanjaaiers, binne de 25 gitaristen fan de Witmarsumer Gitaaracademie. Yn de rin fan de jûn wurde in tal lieten meimekoar spile en songen, lieten wêr’t in elk oan meidwaan kin. Muzikanten moatte harren eigen (akoestyske) ynstrumint meinimme. Dat kin in gitaar wêze, mar kin likegoed in fluit, akkordeon, tamboeryn, leppels of wat foar ynstrumint dan ek mar wêze. Foar sjongers is it goed bij stim wêzen foldwaande. It is de bedoeling om alderhande lieten, fan popmuzyk, folksmuzyk, Ingelsk, Nederlânsk oant Frysk,  meimekoar te spyljen. Krekt wat der mar boppe driuwen komt. Dizze jûn draait om it muzyk meitsjen, sjongen en it harkjen nei muzyk. In elk is fan herte wolkom yn de boppeseal fan de Gekroonde Roskam yn Wytmarsum. De jûn begjint om 20.30 oere en de tagong is fergees.

Auteur

Redactie