It ‘Oldeclooster’: berteplak fan de Menisten

BOALSERT

'Oldeclooster’, ek wol 'Kleaster Bloemkamp' neamd, leit himelsbreed net fier fan Boalsert by it doarp Hartwert. By dizze abdij hat him yn de iuw fan de Reformaasje rûn de ‘werdopers’ it noadige ôfspile.

Om mear fan dy tiid fan it ‘Oldeclooster’ en de Menisten te hearren hat Stichting Krúspunt  foar syn jiergearkomste dhr. C.Trompetter fan Wolvegea útnûge. Hy sil in referaat hâlde mei as titel:   Dopersen yn Fryslân yn de 16e iuw.  It ‘Oldeclooster’  as berteplak fan de Menisten’. Behalve de lêzing fan dhr. Trompetter hopet Krúspunt ek de Bernard Smilde priis 2017 foar it moaiste ‘Jûnsliet’ út te rikken. Foar de muzikale ôfwikseling soarget Grytsje Kingma. Moarns 11.00 oere begjint de Krúspuntdei mei de jiergearkomste foar de stipers en de dielnimmende organisaasjes. Om 12.00 oere begjint de ynrin foar it algemiene diel. De gearkomste wurdt wjeriepene om 12.45 oere. Dan is it tiid foar de Bernard Smilde priis, lêzing fan dhr. Trompetter en muzyk. Oan it ein fan de middei wurdt de dei ôfsluten mei in koarte fesper. (kompleet programma is te finen op www.kruspunt.frl) Datum en plak: sneon 22 april o.s.yn de Kapel fan ferpleechhûs ‘Bloemkamp’ (efteryngong oan de Dodo Feitemalaan) yn Boalsert.

Auteur

Redactie