Twadde printinge foar fûgelbondel Tsjilp!

Bolsward

Noch gjin twa moanne nei it útkommen fan it Fryske boek ‘Tsjilp’ fan Eppie Dam en Lienke Boot is de earste oplaach fan mar leafst 1000 no al hast útferkocht.

Grutte ôfnimmers wiene de Fryske boekwinkels, it Fryske Gea en de gemeente Súdwest-Fryslân. In entûsjaste Hille Faber fan útjouwerij DeRyp: ,,De twadde printinge sit der oan te kommen". It wie gau dúdlik dat it boek Tsjilp! In hege flecht nimme soe, mei resinsjes as: ‘Vogels laten zich horen. Ze kwetteren, tsjilpen, krassen en kwaken in de gedichten van deze klinkende bundel. Lopend, hippend of vliegend, ja zelfs slapend tonen ze hun vormen en kleuren in dit boek met prachtige platen.’ De boeken binne noch te keap, mar om oan de grutte fraach fan lêzers, boekhannels en galeryen te foldwaan wol útjouwer DeRyp serieus besjen wannear der miskyn wol 500 eksimplaren fan Tsjilp! 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters byprinte wurde.

Auteur

Redactie