COLUMN | Eigenlijk

Bolsward

Hawwe jo dat wolris, dat je tinke: ‘wie ik der mar nea oan begûn’? Ik wol. Foarbyld. Ik lústerje altyd hiel skerp nei minsken oft se echt miene wat se sizze en oft se echt antwurd op belangrike fragen jouwe, of mar wat swamme. In lestige obsesje want it smyt alle dagen wol in pear kear argewaasje op.

Tagelyk falt it my op dat de swammers it wurd ‘eigenlijk’ hiel faak brûke. At se sizze: “ik wol eigenlijk net mear smoke”, wolle se der feitlik graach mei ophâlde mar dogge dat net. At in kandidaat keamerlid op kampanje seit: “Eigenlijk soenen der gjin minsken yn earmoede libje moatte” of “myn partij is eigenlijk tsjin gasboarjen” liket it dat hy of sy it probleem oplosse wol, mar docht dat feitlik net. ‘Eigenlijk’ is in swakte, minsken nuansearre harren miening der mei. As Rutte seit: “ik ben eigenlijk heel tevreden” seit ‘r feitlik dat ‘r net tocht hie dat ‘r tefreden wêze soe. Mar pas op, der is in útsûndering op dizze rigel. Der binne ek minsken dy’t ‘eigenlijk’ krekt néa yn de mûle nimme. Mooglik moatte we dy ekstra yn ‘e gaten hâlde. At minsken sizze: “ja, op myn earewurd, it komt foarinoar” of “jo kinne der altyd fan op oan dat wy dat regelje”, advisearje ik jo de sprekker in offisjele oerienkomst tekenje te litten. Dus, nim myn obsesje net oer, want it soe jo fleurige blik op de wrâld eigenlijk wol ris hielendal feroarje kinne.
Sicco Rypma.

Auteur

Redactie