COLUMN | De earste stien

Bolsward

Jonkje: “Pake, sjoch ik fûn op souder, in pintekening fan in âlde boat, is dat noch fan earder, fan de âlde Hanzefloat”? Pake: “Jonge, ‘k wie dat plaatsje al jierren kwyt, do makkest my bliid, no ha ik wer in hiel lyts stikje fan dy goeie âlde tiid”. (wize: Sudersee Ballade)

Hjir wurdt fansels Hanzestêd Boalsert besongen, dy’t ea krekt as Kampen, Brugge en Stockholm mei hiel Noard-Europa hannele. Skippen fierden fan fier en hein produkten oan, dy’t hjir op e merk ferkocht waarden. It wiene ek drokke tiden foar de ambachtlike Gilden. Gjin wûnder dat “In den jare 1614 de magistraten ende gesworen gemeente op den 11e aprilis zijnde op een maendach des middaeghs weynich voor negen uyren, het fondament doen leggen / van het heerlijcke nieuwe raedthuys daer af Reymer Haringhs als presiderende burgemeester / den eersten steen gheleyt heeft”. De skiednis sil him no werhelje. De stêd wol de kommende jierren ferskate earste stiennen lizze. It Stedhús wurdt Histoarysk sintrum, de binnenstêd wurdt ferbliuwsgebied, Patyna fersoargingshuzen wurde wenwiken, de Rabobank wurdt apparteminten, it sportpark wurdt Sporthart, de Broeretsjerke wurdt in wetterticht teäter en it Broereplein wurdt Fonteinplein. Boalsert beweecht. RES, CAB en Bolswardia binne SC Bolsward wurden, de Suvelskoalle is no kommunikaasje kantoar, it Weeshús restaurant, de Franciscustsjerke is no Basilyk en de 11 stêderedens binne ynruile foar de fyts. It binne drokke tiden foar it Boalserter Gilde dat no Platform is. Der stiet noch ien fraachstik iepen: wannear wurdt de earste stien foar in nij busstasjon lein?
Sicco Rypma.

Auteur

Redactie