COLUMN | Besit

Bolsward

De ridende rjochter hat it der mar drok mei. Fan wa is de skutting, wa moat dy ferhipte oerhingjende tûken snoeie! Wa is ferantwurdlik en wa betellet dat? By guon minsken sit it gefûl fan ûnrjocht djip, hiel djip.

It kin ek oars, bygelyks oer it ûntwerp fan de de Boalserter Flearmûs Fontein, wêr moat ‘r stean en fan wa is ie nei 2018 elkenien hat syn sechje dien. En sa wurdt der op it stuit ek neitocht oer de  takomst fan ús plattelân. Jo kinne meitinke en -prate hokker kant it út moat yn e takomst. Wêr is ferlet fan, aard en skaal, enerzjy, natuerwearden, bou-opperflakten, lânbou, rekreaasje, soarch, biodiversiteit, it giet oer kânsen en bedrigingen. In proses wêr eltsenien syn aai kwyt kin, en dat is goed, it giet ommers om de omjouwing wêr we yn libje en wurkje. Hiel oars giet it op it stuit ta op it plattelân fan de VS. Dêr is mei ien pennestreek in wichtige tasizzing fan tafel reage, der soe gjin oaljepiip troch in beskermd reservaat komme wêr de Sioux indianen wenje. Mar no komt ie der dochs. De skiednis werhellet him. Yn 1854 rjochte opperhoofd Seattle fan de Dwamish-stam him mei in ynkringjende taspraak ta de amerikaanske regering: ‘De grutte baas yn Washington hat sprutsen, hy winsket ús lân te keapjen. Mar hoe kinne jo de lucht, de rook fan de blommen en it kabbeljen fan it wetter besitte, hoe kinne jo  de waarmte fan it lân keapje of ferkeapje’. Dat bringt my op de fraach: ‘Ridende rjochter, fan wa is ús unike iepen Fryske lânskip eins’? Sicco Rypma.

Auteur

Redactie