COLUMN | Lústerje

Bolsward

‘Om sizzen jaan’ betsjutte foarhinne dat jo as bern lústeren nei heit en mem, master en juf, dat jo diene wat grutte minsken seinen. “Net op it iis komme, alle sprútsjes opite, rjochtop sitte”. Lústerje is ek it hearen fan alle lûden om je hinne; pratende minsken, muzyk, fûgels, in preek, ringtone, fjoerwurk, in blaffende hûn, de Omrop, it ferkear, hurde wyn, it sjoernaal.

De tredde en o sa wichtige betsjutting fan lústerjen is iepen stean foarin oar syn miening, dat helpt by it oplossen fan konflikten en it opbouwen fan respekt en betrouwen. En krekt dizze wichtige foarm fan lústerjen stiet swier ûnder druk. Hieltyd mear minsken dogge krekt as, mar se lústerje net. In hiele ferfelende kwaal. Mei namme minsken fan kwizekwânsje binne der tige fetber foar. Mar der is hoop, want se hawwe it sels no ek troch. Mei namme ynfloedriken hawwe tasein: ‘wy geane lústerjen en dogge wat minsken wolle, de klant is kening’. Moai dochs. Sy hoege gjin eigen miening mear te hawwen en wy hoege allinnich noch mar te sizzen wat we wolle. Komt ie. Ik wol yn 2017: diskriminaasje útbanne, itensbanken oerstallich meitsje, frede op ierde, ophâlde mei it ferkwânseljen fan ús lânskip, net mear belle wurde troch callcentra, goede soarch foar elkenien, it klimaat rêde, dat bern mear bûtendoar boartsje, taal en kultuer befoarderje, lige en ûnrjocht strafber meitsje, hurdfytsers sûnder fytsbel oppakke, allang ûntwikkele alternative enerzjy boarnen net geheim hâlde, in 11stêdetocht en ta beslút dat minsken harren beloften altyd neikomme. Sa moat it goed komme, myn taak sit der op. Sicco Rypma.

Auteur

Redactie