Oaljebolle-aksje foar restauraasje oargel

KUBAARD

De restauraasje fan it monumintale tsjerke-oargel (bouwer Willem Hardorff, 1856) yn de Victortsjerke te Kûbaard is út ein set. Oargelmakkers Bakker & Timmenga hoopje it karwei takom simmer noch foar de boufak klear te hawwen.

Om de needsaaklike eigen bydrage fan tsjerke en doarp oan te foljen organisearje tsjerkebestjoer en Oargelfûns in oaljebolle-aksje op kommende âldjiersdei. De bakkers sette de moarns al yntiids útein yn it Mienskipshûs. Tusken 10.00 oere en 13.00 oere is elkenien dy’t de bakkers moreel stypje wol en om oaljebollen ôf te heljen dêr dan fan herten wolkom. En fansels kinne yn it doarpshûs ek farske oaljebollen preaun wurde by in bakje kofje, tee of wat oars. Leafhawwers kinne oant 30 desimber om 13.00 oere in bestelling ynleverje by Remmelt en Fokje Kooistra, Grutte Buorren 13 yn Kûbaard of fia de e-post tsjerkeentoer@gmail.com.

Auteur

Redactie