COLUMN | Ferkearsknooppunt

Bolsward

By krapte oan in foto beskriuw ik hjirby myn momintopname fan tiisdei 29 novimber, sittend op it bûthúsbankje efterhûs. Heech yn ‘e loft kloften guozzen, drok gakjend, kreas yn V foarm fleane se rjochting de puollen wêr se oernachtsje sille. Boppe yn ‘e beammen rûken wachtsjend oant de kust feilich is om de âlde bôle te pikken. Op it dak fan it fûgelhúske steane 4 turkse toartels kwasy ûnnoazel om harren hinne te sjen.

Yn, op, oan, ûnder, op e kop hingjend en rûnom de foertoer fladderjende mosken, fan de iene nei de oare parrebeam hinne en wer hippende eksters loerend op alles wat der mar te heljen is. Op de hoeke fan it lân lizze wylde einen kalm wachtsjend oant it tinne laachje iis raant is. Fierderop strykt in koppeltsje wite swannen tusken weidzjende guozzen del. Op de finsterbank, mei de snút plat tsjin it keamersrút, besjocht de kat dit tafriel mei in blik as soe hy se allegearre wol efkes pakke. Oan ‘e kym dûkt in mûzebiter hy-jèh roppend fan syn strategysk útsochte hege hikkepeal streekrjocht op syn proai ôf. As je it goed beskôgje is myn momintopname op it bûthúsbankje in drok ferkearsknooppunt mar dan ien sûnder ferkearsljochten, ynfûchstroken, rotonden, fiadukten, ferkearsbuorden, files en kopsturt botsingen. It krioelt trochinoar hinne mar der komt gjin ferkearsplysje oan te pas. Werom yn ‘e hús wurdt by de Omrop ferslach dien fan de situaasje 20 kilometer fierderop. Op de A7 steane lange rigen auto’s mei hastige drok beljende en maneuveljende sjauffeurs, de smoar noch yn fan it ruteskraabjen, se wolle allegearre tagelyk it drokke ferkearsplein oerstekke. It kontrast is grut. Sicco Rypma.

Auteur

Redactie