COLUMN | De mol as ynspiraasje

Bolsward

As je krekt as my gek op sifers binne, dan is de rubryk ‘Feiten en Cijfers’ yn it‘Súdwest-Fryslân Magazine’ ferplichte kost.

Wisten jo bygelyks dat ús gemeente 612 ryks- en 335 gemeentlike monuminten ryk is? Dat der 62 basisskoallen binne en 536 brêgen, 715 km rioel, 41.000 kolken, 279 sport akkommodaasjes, 17.500 lantearnepeallen, 1.600km oan diken en de biblioteek jierliks 550.000 boeken útlient? Noch in nijsgjirrich sifer: Súdwest-Fryslân is 81.871ha grut en hat 83.927 ynwenners. Dat betsjut dat elkenien hast 1ha, 10.000m2, ek wol bunder neamd, ta syn beskikking hat. Om te fergelykjen, yn Amsterdam wenje 883.338 minsken op 21.900ha, dat is 0,02ha 200m2 de ynwenner. No ha ik altyd al aardich klauwen oan myn eigen 0,08ha 800m2. Meane, skoffelje, haachknippe, blêden harkje, kastanjes sykje, mollen fange, fruit plôkje, snoeie, hekkelje, grintpaden oanharkje. Dan is in goed advys nea wei. Sa hie‘k koartlyn in noflik petear mei in pasjonearre túnman. Hy lei my út dat de natuer himsels wol rêdt sûnder myn spitten, skoffeljen en blêden harkjen. Hy fertelde my oer stienkrobben, wjirms, slakken en tûzenpoaten dy’t blêden ferwurkje ta humus. Dat neame wy tsjinwurdich mei in djoer wurd ek wol circulaire ekonomy, wylst it dus gewoan in natuerlik proses is. Mar it advys wat my it meast bybleaun is, kaam fan in fûleindich natuerleafhawwer, sy sei dat je mollen net fange moatte. Dy swarte bulten op ‘e griene bleek moat ik foar leaf nimme, want: “mollen binne tige ynspirearjende bisten, se libje ûnder de grûn,sjogge neat, mar fine dochs in partner”. Dat bringt my op myn nije libbensmotto: as de túnman ôfwêzich is, nimt de natuer it oer. Sicco Rypma.

Auteur

Redactie