Tryater spilet De wierheid fan Wylgeragea yn Makkum

MFC

it Maggenheim yn Makkum. It stik mei Joop Wittermans, Lourens van den Akker, Lysbeth Welling, Aly Bruinsma en Eva Meijering giet oer de reaksje fan in groep minsken yn in lytse mienskip op it momint dat der ynbreuk dien wurdt op harren feilige gefoel. Kaarten binne te keap fia 06-12229896 of Kantoorboekhandel Coufreur.

 De wierheid fan Wylgeragea spilet yn in plattelânsmienskip earne yn ús lân. Yn in lyts doarpke is alles goed. De minsken witte wat se oan mekoar ha. Famyljes kenne mekoar al generaasjes lang. Dat jout rêst en fertrouwen. Hjir stappe de minsken op bêd sûnder de doar op slot te draaien. Oant der in skaad falt oer de lytse mienskip. Der wurdt ynbrutsen. En dan binne de rapen gear. Unheil folget. Geroften wurde fertinkingen en fertinkingen wurde beskuldigingen. Oant de dieder fûn wurdt, sil it noait wer wurde sa’t it wie.

 In groep minsken, in mienskip, kin samar in eigen wrâld kreëarje: De mieningen fan de yndividuën yn dy mienskip foarmje meimekoar in eigen sosjale kontekst. Los fan wierheid, fuortkommen út oanstriid ta selsbehâld. Wa hat gelyk…? En wêr kin soks ta liede?

 Gjin stuollen yn de seal by dizze foarstelling: Tryater komt foar De wierheid fan Wylgeragea nei de teaters en doarpshuzen mei in dekôr dat ek tribune is. Publyk sit tsjin mekoar oer en sjocht yn it midden it ferhaal fan De Wierheid fan Wylgeragea ûntstean. It stik is gjin whodunit. De foarstelling lit sjen hoe dreech oft it is om de nuânse te bewarjen yn in tiid wêryn’t ûnbehagen en ûnwissichheid tanimme. Mei humor en kompassy sjogge we hoe ferskillend oft minsken reagearje as se harren bedrige fiele. De ien flechtet, de oar wurdt agressyf, in tredde lûkt him werom en oaren besykje rêstich te bliuwen. Regisseur Jos van Kan: ‘De inbraak in dit verhaal is een metafoor voor elke inbreuk op het gevoel van veiligheid. Het gaat om de vraag: Hoe kunnen laten we gemeenschapszin behouden en tegelijk open staan voor de buitenwereld?’

 

Twa seizoenen lyn wie De wierheid fan Wylgeragea te sjen yn de Sneak Previews fan Tryater. Regisseur Jos van Kan wurke dit seizoen mei tekstskriuwer Kees Roorda en de akteurs fierder oan de foarstelling.

 Kees Roorda (Ljouwert, 1967, opgroeid yn Drachten, wennet no yn Amsterdam) skreau De wierheid fan Wylgeragea. Romke Toering hat it stik oersetten nei it Frysk. It stik wurdt regissearre troch Jos van Kan (Eindhoven, 1962, opgroeid yn Someren-Eind, wennet no op Skiermûntseach), dy’t mear as tachtich toanielstikken, muzykteaterfoarstellingen en opera’s ensenearre en yn Nederlân, Dútslân en Azië wurket. Van Kan makke ferline jier by Tryater In Leafde en Brekber. Inés Sauer die de dramaturgy, Jan Ros de foarmjouwing, Linda Eijssen it kostúmûntwerp, Wiebe Gotink de muzyk, de muzyk fan it nûmer Liet fan myn doarp is fan Laurens van der Meulen, en it ljochtûntwerp is fan Koos de Vries.

 De foarstelling is û.o. ek te sjen op freed 4 novimber yn Piers Stee, Kimswert en op snein 23 oktober yn It Dielshûs, Wommels.


Auteur

Redactie