'It Fûgelnêst’ Koudum op ‘e nij sertifisearre

Koudum

Bernedeiferbliuw ‘It Fûgelnêst’ fan Koudum is op ‘e nij sertifisearre as ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling'.

It Fûgelnêst wurket sûnt 2010 mei in twatalich belied. Sy hawwe dêr yn 2013 in sertifikaat foar behelle. Om ‘e trije jier wurde sertifisearre lokaasjes op ‘e nij fisitearre om te sjen oft sy noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurkje en de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje. De liedsters fan It Fûgelnêst hawwe bewiisd dat sy dat dogge en it sertifikaat ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ is foar trije jier ferlinge. It Fûgelnêst is in lytsskalich, partikulier bernedeiferbliuw. Alle liedsters prate konsekwint ien fêste taal tsjin alle bern, âlden en kollega’s. Dat hâldt op It Fûgelnêst yn dat guon liedsters Frysk prate en guon liedsters Nederlânsk. Der wurdt ek wurke mei de poppen Tomke en Puk. Ek dy hawwe in fêste taal, Tomke praat Frysk en Puk praat Nederlânsk. De talen krije ek yn it aktiviteite-oanbod rom omtinken. Troch de talen op dizze dúdlike wize fan elkoar te skieden krije jonge bern de kâns om de talen goed oan te learen en twatalich te wurden. Der hat in saneamde fisitaasjekommisje fan Stifting Frysktalige Berne-opfang op It Fûgelnêst west. Sy hawwe besjoen oft der noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. De kommisje hat konkludearre dat dat sa is en skriuwt yn har rapport it folchjende: ‘It wersertifisearringsnivo is rom helle; de wichtichste betingst is oanwêzich: it klimaat makket dat bern harren feilich fiele, sadat sy har ûntwikkelje kinne, ek wat de taal oanbelanget. Moai om te hearren hoe ‘t de liedster de taal fan it bern (tractor) oanfollet mei it Fryske wurd trekker, it giet boartsjendewei.’ En ‘Myn komplimenten foar de wize werop’t de meartalichheid stâl krijt. Wat op papier stiet, wurdt ek yn praktyk brocht.’

Auteur

Redactie