COLUMN | Ferbining stêd-plattelân

Bolsward

Ferline wike sprutsen sawol Bolletongersdei foarsitter Jan Galema as Omrop Fryslân kollumiste Nynke van der Zee harren út oer it belang fan in goede ferbining tusken stêd en plattelân.

Jan hat in ynterview yn de Bolletongersdeikrante. Hy leit út dat der rûnom âld-suvelstêd Boalsert in grut agrarysk gebiet leit en dat de greidboeren út dat gebied it beste fee op Bolletongersdei nei de Boalserter binnenstêd bringe. It massaal tastreame publyk kin him hjir op it boerebeleefplein en agraryske show fergapje oan de dikbillen en ripe rieren. ‘Burger meets boer’ kopt de krante. De ferbining is lein. De freeds nei Bolletongersdei stiet der in artikel yn de Ljouwert Krante mei as boadskip dat it showen fan fee yn Boalsert swier keallet. Inkele pasjonearre boeren en harren beste fee hienen moarns betiid by it boarseljen al strange kontrôle fan twa man fan de Algemene Inspectie Dienst. Ien fan de dielnimmende feeboeren klaget: “sa giet ús tradysje fan gychem, dit is dochs net normaal”! Nynke hold in stevich betooch by de Omrop dat de tige stadige efterhelle koperen internettried op it plattelân no ris ferfangen wurde moat troch glêsvezel. Bedriuwen en bewenners hawwe op dizze wize gjin fatsoenlike flugge ferbining mei de rest fan de wrâld. Gelokkich hat de Provinsje it inisjatyf nommen sels glês oan te lizzen, omdat ... ‘de besteande merkpartijen it ferpoffe en it kommersjeel ûninterressant fine’. Mar - en dat is in nóch gruttere frustraasje fan Nynke - no moat deputearre Poepjes earst yn in spagaat omdat de grutte telekomgiganten driigje mei rjochtsaken wegens ûnearlike konkurrinsje. De lummels. Haagske rigeltjes bepale wêr in ko wol of net skite mei. Multinationals bepale wa’t wol of net ierdgas, telefoan of glês krijt. At we de ferbining mei harren no ris trochknipten, dan binne we fan in protte ellende ôf. Sicco Rypma

Auteur

Redactie