Gysbertwinnaar Koos Tiemersma wil zichzelf niet herhalen

DRACHTEN

Koos Tiemersma (64) uit Drachten heeft deze maand zijn nieuwste boek uitgebracht, de verhalenbundel Ik Bedoel Mar. De winnaar van de Gysbert Japicxpriis 2015 publiceert alleen nog maar digitaal.

Tekst en foto's Fokke Wester

Ik Bedoel Mar, dat tegelijk in het Fries en het Nederlands is verschenen, is het achtste boek van Tiemersma, die zich sinds 2010 bedient van het pseudoniem Froon Akker. Zestien verhalen telt de bundel, waarin mensen worden geconfronteerd met verrassingen. Het boek is in geen enkele boekhandel te vinden, wie het wil hebben kan het kopen op de website www.froonakker.nl. En heel bijzonder: Tiemersma geeft garantie: niet goed, geld terug!

Losse verhalen

Ik Bedoel Mar is de eerste verzameling van losse verhalen van Tiemersma. ,,Ik lies de ferhalebundel fan Anne Feddema en tocht: dat liket my ek wolris aardich om te dwaan. Ik haw in ferhaal skreaun foar de Rely Jorritsma Priis en dêr wûn ik mei. Doe wist ik: ik sit op it goeie spoar. Yn 2000 haw ik ek de Rely Jorritsmapriis wûn mei in koart ferhaal, mar dat haw ik letter omboud nei de roman De Ljedder.'' Met die debuutroman won Tiemersma meteen de eerste Rink van der Veldepriis, de literaire prijs van de gemeente Smallingerland en Friese Pers Boekerij.

Het boek Einum, waarmee Tiemersma vorig jaar de hoogste provinciale literaire onderscheiding won, de Gysbert Japicxpriis, is ook opgebouwd uit losse verhalen. Die blijken uiteindelijk een samenhangend geheel te vormen. Toch heeft Tiemersma zich niet hoeven in te houden om er stiekem een rode draad doorheen te vlechten. ,,It koarte ferhaal is gewoan in oar konsept. By Einum wie it dúdlik de bedoeling dat dy ferhalen yn mekoar oerrinne soenen en dat de personaazjes yn mekoars ferhalen wer in rol spylje moasten. Ast dêr fantefoaren al fanút giest, skriuwst in oar boek as wannearst begjinst mei it idee fan losse ferhalen.''

Behearder

,,Ik ha wol besocht om hjir in bytsje in ienheid fan te meitsjen, troch der in behearder op te setten, in pensionearde kondukteur. Dy docht krekt of hat er de ferhalen yn behear en hy liedt de lêzers rûn. Hy hjit de lêzer wolkom en warskôget bygelyks dat it yn dat en dat ferhaal kâld is. Hy komt fierder yn it boek net foar, allinnich yn it lêste ferhaal noch eefkes. Dan slút er it ek wer ôf. Dêrmei wurdt it net in ienheid, mar sit der yn elk gefal in dakje op. Mar it hie der ek sûnder kinnen.''

Tiemersma stopte in 2010 met schrijven uit onvrede over de situatie in het Friese literaire wereldje. ,,Ik wie der wol klear mei. Jo koenen wol oanfiele dat it allegear achterút gie. Ik wie wat útsjoen by de Friese Pers, It Fryske Boek hâlde der mei op en ek de Sutelaksje stoppe. Alles hâlde sa'n bytsje op en doe woe ik der ek in punt achter sette. Mar doe kaam dat E-boek op en ik tocht: ja, dat is eins wol wer ferrekte leuk om te dwaan, want dan wurde jo yn feite jo eigen útjouwer. En it skriuwen kin ik dochs net litte. Blykber haw ik tefolle fantasije om dat foar my te hâlden. Dêr moat ik wat mei.''

Pseudoniem

Tiemersma verdiepte zich in de digitale werkwijze en begon toch weer te schrijven. ,,Ik bin doe ek begûn ûnder pseudonym Froon Akker, sa hiet myn site ek al. En dan begjinst wer hielendal op nul, kwa oplages. It is kompleet nij, dus it earste jier haw ik miskien tsien boeken ferkocht. Net ien wist hoe't er soks lêze moast. Der wienen mear skriuwers dy't it woenen, Leon de Winter bygelyks. Dêr haw ik ek wol kontakt mei hân, mar dat is allegear neat wurden. Ik ha trochsetten. It is mar in lytse merk en ik hoechde der net fan te bestean. Ik siet doe noch yn't ûnderwiis, as haad fan in basisskoalle.''

Het E-boek is een mooie manier van publiceren en lezen, vindt Tiemersma, die inmiddels flink ervaren is in de materie. Hij heeft nu drie echte E-boeken uitgebracht en inmiddels is ook zijn oudere werk digitaal beschikbaar. Een manuscript moet met een speciaal programma worden omgezet in html. Elk hoofdstuk moet apart worden ingevoerd met de goede codes. ,,Ik bin der wol wiken mei oan'e gong foardat dat klear is. Ik doch it sels, de hiele opmaak en alles. It omkaft ek, al freegje ik faak in keunstner of in fotograaf oft ik wat fan him brûke mei. Soms meitsje se der ek wat nijs foar.'' Voor een E-boek is het uiterlijk minder belangrijk dan voor een papieren boek, dat in een etalage of op een boekentafel op moet vallen. ,,Mar ik fyn wol dat it in bytsje moai omkaft ha moat. En seker ek as it dochs noch op papier útbrocht wurdt. Dat is altyd noch in opsje. Ik ha neat tsjin op papieren boeken. Guon tinke dat, mar it is net sa. Ik ha allinnich hjir foar keazen.''

Oplages

Van de boeken die Tiemersma tot 2010 uitbracht zijn in totaal zo'n 10.000 verkocht, heeft hij laatst becijferd. De oplages van de E-boeken halen die cijfers nog bij lange na niet, maar er zit wel een stijgende lijn in, constateert hij. ,,Ik bin wol optimistysk. Fiif jier ferlyn siet ik op 10 à 20, ferline jier op 70/80 en mei dit boek mik ik op de 100 stiks. It giet dan om ferkeap fia myn eigen webshop, ik ferkeapje guon boeken ek fia oare siden.'' Nee, daar wordt je geen miljonair van, erkent de schrijver.

,,Mar ik klei dêr net oer, it boeit my net. Ik fermeitsje my der tige mei. Ik moat besykje myn publyk te finen, of eins moatte se my fine. En sa'n priis as de Gysbert helpt dan wol. Op it momint dat soks bekend wurdt, sjochst fuort it oantal ferkeapen omheech gean. It E-boek is hiel gefoelich foar publisiteit.'' Tiemersma ziet het als zijn grootste uitdaging om mensen over de drempel te trekken om literair Fries te lezen. En dan ook nog eens digitaal. Dat heeft namelijk meerdere voordelen, vindt hij. Het is beter voor het milieu, het is veel goedkoper en je hoeft geen grote kasten meer te kopen om al die boeken kwijt te kunnen. ,,Se nimme gjin plak yn. Dêrby wurkje ik sûnder provinsjale subsydzje, mar oan in E-boek fertsjinje ik as skriuwer mear as oan in papieren. Ik ha wol kosten, foar de site en sa, mar dat is tientsjewurk.''

Vrije val

Het boek als medium is bezig aan een vrije val, constateert de Drachtster nuchter. ,,Doe't ik begûn yn 2002 wie de oplage by de Friese Pers 1500. Dêr kaam dan noch wol gauris in twadde printinge achteroan, mar tsjintwurdich is it behelpen. Fan in papieren boek wurde 200, 300 ferkocht, dus dy oplagen binne hiel bot nei ûnderen gien. Sa'n Sutelaksje wurket wat dat oangiet hiel goed, boeken moatte echt oan de man brocht wurde, dêr moatte jo as skriuwer bot achteroan. Kinst net mear it manuskript ynleverje en dan mar achteroer leune, moatst warber wêze. Mar ik ha der net safolle nocht mear oan, ik fyn it wol bêst sa. Wat dit nije boek oangiet stoppet it wurk foar my hjir no.''

Gaan de oplages snel achteruit, tegelijk worden er meer boeken uitgegeven dan ooit tevoren, vooral via het populaire printing on demand. ,,In soad minsken wolle har persoanlike ferhaal kwyt en ast dêr wat jild yn stekke wolst, dan is it hiel maklik om in boek út te jaan. It is net faak echte literatuer, mar dat kin ek net elkenien. It is net in keunstke, it is keunst.''

Rembrandts ,,Ik ha lêsten yn de sjuery sitten fan in ferhalewedstryd fan it Skriuwersboun. Dan sjochst dat njoggentich persint gewoan net goed genôch is. By mar in partsje tinkst: ja, hjir sit wat mear yn. Fernimst gau oft ien skriuwe kin, oft it nivo hat en ek foar oaren de muoite wurdich is om te lêzen. En dat binne dan al minsken dy't der echt foar sitten geane. Mar ja, ast elkenien in doek en ferve joust, komme der ek net allegear Rembrandts út. Sa simpel is it.''

,,In bepaalde boppelaach springt der út. En sels dy boppelaach krijt net altyd syn boek publisearre. En dat is bûten Fryslân presys gelyk, ek dêr dale de oplages hurd, sels fan bekende skriuwers. Der is mar amper in Nederlânske skriuwer dy't libje kin fan syn skriuwen. Dan moatst echt al Jan Siebelink hjitte. Of Youp van't Hek, of Gijp, haha. Ien as Ronald Giphard ferkocht tsien jier lyn hûnderttûzen boeken, no noch tsientûzen. En dat is krekt it ferskil tusken al of net fan bestean kinne. Dan moatte se echt oare dingen der by dwaan.''

Allegear skermkes

,,Der wurdt minder lêzen, mar dat is ek logysk. Wy ha allegear skermkes om ús hinne dy't ús hieltyd ôfliede. De jeugd sjocht nei vloggers, mar ik kom sels faak ek al net mear oan lêzen ta, as ik sa noadich wer op Facebook sitte moat, of chatte mei de bern. En dat is wol spitich, fyn ik, al wol ik ek net seure oer dingen dy't feroarje. Tiden hawwe tiden, seit it Frysk sa moai, en dat is ek sa. De roman is sa ek oait in kear opkaam as in nij medium en it is in ynstituut wurden. En dat ynstituut sakket no wer wat ôf. Wy meitsje no as generaasje de delgong fan de roman mei. Of fan it boek. Ik wie lêsten by de kapper, in jonge frou en doe krigen wy it ek sa oer boeken. Nee, dy hie se net, it stie net yn har ynterieur, sa'n kast fol boeken. Se lies wol, mar dan gienen se nei solder.''

Het schrijven van een boek is voor Tiemersma niet een continue bezigheid, legt hij uit. ,,Ik moat der altyd oare dingen tuskentroch dwaan. Ik bin ek skriuwer fan it Archeologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, dêr moat ik dan bygelyks de notulen fan skriuwe. En ik doch ek wol oare dingen, korreksjewurk of sa. Dy boeken sitte altyd wol ergens yn 'e holle, dêr binne jo wol konstant mei oan'e gong.''

Kringloop

,,Mar ik fyn it ek wol moai om tuskentroch ris wat oars te dwaan. Ik gean wolris de stêd yn, of eefkes nei de Kringloop. Wat platen sykje en cd's, fyn ik ek leuk om te dwaan. En ik pak ek noch wolris in boek mei. Ik ha sels ien by de Kringloop oan it lêzen krigen. Dy kaam der achter dat ik in boek skreaun hie dat dêr stie. Ja, ik kom wolris eigen boeken tsjin, net faak, mar it komt foar. Se falle my ek fuort op, fansels, want ik wit wol hoe't myn boeken der op de rêch útsjogge.''

,,Nee, dat is net pynlik, dat is krekt moai. Boeken binne bedoeld om te roelearjen en op in bespaald stuit dochst se de doar út. Ik sjoch der wol altyd eefkes yn, oft der ek in opdracht foaryn stiet. Dan keapje ik it. As ien it kado dien hat en dy set der dan wat yn, dat fyn ik leuk. Dan skuor ik dy pagina der út en dy giet yn it plakboek. De rest giet by it âld papier. Oars nimt it ek allinnich mar plak yn. Dat doch ik ek mei de boeken dy't ik keapje, dêr bewarje ik net sa folle fan. As ik it út ha nim ik der ôfskie fan. Dat is it moaie fan in E-boek, hoechst it nergens del te setten, hast der gjin omsjen mear nei.''

Verrassende twist

Het verhaal dat op de site gratis is te downloaden, eindigt met een verrassende twist, die een aantal vragen oproept. ,,Nee, dêr jou ik dan gjin antwurd op. Ik fyn dat wol moai, om dat in bytsje as riedsel te hâlden, de lêzer moat dat sels mar útmeitsje. Moatst net as skriuwer alles tichttimmerje, dat fyn ik echt in skriuwersfout. Moatst it wat iepen hâlde, lit de lêzer sels ek mar neitinke wat der no krekt bard is. Ik kies der foar om de ein blanko te litten. Ik gean sa'n ferhaal yn en dan sjoch ik wol wat der bart. Al tinkende en skriuwendewei geane jo fierder en op in bepaald stuit sjochst de ein wol. Earder hie ik dat wol, dat ik it ferhaal fan A oant Z yn'e holle hie en dan gewoan opskreau. Mar wat langer as ik skriuw, wat mear as ik dat loslitte kin.''

,,Ik hie foar dit boek earst it idee om der dochs in ienheid fan te meitsjen, ik woe alle ferhalen begjinne litte op itselde terras. Dêr ha'k wat mei boarte. It wie in moai idee, mar it beheinde my wat tefolle, dus haw ik it nei twa ferhalen loslitten. Sa rin ik ek oer strjitte. Ik sjoch minsken en bin my der bewust fan: elk hat syn eigen ferhaal, datsto net witst. Do hast gjin idee wat se meimakke ha en tinke. Ik tink datst dy dêr as skriuwer bewuster fan bist as normaal. As skriuwer moatte jo sa'n ferhaal by sa'n persoan ek betinke kinne. En dat kin ik.''

Songteksten

,,Ik ha altyd wol skreaun. Ik ha lang yn de muzyk sitten en lietsjes skreaun, foar mysels en foar oaren. Anneke Douma ha'k wol dingen foar oerset. Mar ek foar myn eigen groep, Skift. Dy lietsjes sieten echt ferhaaltsjes yn. Ik ha altyd alris in boek skriuwe wollen en doe't wy mei Skift ophâlden, haw ik dat oppakt. It is echt begûn mei songteksten, kompakt en koart. Dêr haw ik no noch profyt fan by it skriuwen fan koarte ferhalen.'' ,,Moatst dy echt beheine ta dy fjouwerkante millimeter. It moat gewoan passe, allegear. Koarte ferhalen is ek in bepaalde manier fan skriuwen, moatst dy ynhâlde, dysels strak yn'e hân hâlde. Elk ferhaal hie ek in roman wurde kinnen, mar ast witst dat it koart moat, dan moatst de fokus hâlde. Ik bin echt in taalminske. Dat is moai, mar sa hat elk syn talint. Myn buorman koe hiel goed kninestjelpen meitsje, en in oar krijt yn'e tún alles yn'e bloei. En dat kin ik wer net.''

Begjinsin

Tiemersma is nog niet bezig aan een volgend boek. ,,Dêr begjin ik oare wike mei. Ik ha de titel al en de begjinsin. Dat is foar my earst eefkes genôch. Se foelen my foarrige wike samar yn'e holle, doe't ik in artikeltsje yn'e krante lies. Dat sette my oan it tinken. Ik ha se opskreaun en wit ek wol sawat wat der achteroan komt, kwa ferhaal. Al moatst dat ek in bytsje iepen litte, want der kin fan alles gebeure. Der moatte noch wat beslissings naam wurde dyst altyd hast by it begjin fan in boek: út watfoar perspektyf wei sil ik it fertelle, ik-foarm, hy-foarm, notiid, doetiid, wikselje ik it ôf of net. Soks moatst eefkes opskriuwe yn in skema.''

,,Dy begjinsin stiet fêst, yn dit gefal. It is in hiel goeie sin, it soe bêstris de bêste begjinsin wêze kinne fan al myn boeken. Ik ha dat ek noch noait earder sa hân by in boek. Der is faak in soad omtinken foar begjinsinnen, dy moat de lêzer it boek ynlûke. Dêr is hast in hiele kultus omhinne. Guont binne ek echte klassikers wurden, it is hast in label foar it ferhaal. Mar in hiel goeie begjinsin, dy moatst ek wiermeitsje, dan moat de rest ek op nivo wêze.''

Wat haw ik no lêzen?

,,Sels haw ik faak mear fokus op de lêste sin. Ik probearje altyd by it slot wat te dwaan, in twist, dy't de lêzer echt eefkes op in oare poat set. En as ik it klear krije kin, dan leafst in sin dy't it hiele ferhaal yn in oar ljocht set. Dan ynienen blykt alles dochs oars te sitten. Dan begjinst te twifeljen oan dysels: wat haw ik no lêzen? Ik tink dat by my de lêste sin faak wichtiger is as de earste.''

Elk boek van Tiemersma is weer anders, was vorig jaar een van de lovende oordelen bij de toekenning van de Gysbert Japicxpriis. ,,Dat kloppet. Der is my wolris frege om wer in boek as De Ljedder te skriuwen. Mar dat is der al, dat hoecht dus net mear. Wêrom soe'k dat noch in kear dwaan. Miskien dat de lêzers dat wol moai fine, mar ik net. It sit net yn my om hieltyd it selde te dwaan. Elk boek moatte jo benaderje as in nij eksperimint. Dat jildt oars ek foar de lêzer. Wa't hieltyd itselde lêze wol, dy moat net by my wêze. Ik moat it foar mysels ek wat spannend hâlde, want ik skriuw úteinliks dochs foar mysels.''


Auteur

Fokke Wester