COLUMN | De Slijtmijt

Bolsward

Oer rom in wike begjint de hjerst wer. Jo sjogge en fiele it ek al in bytsje oankommen, de dagen koartsje, de gerdinen geane wat earder ticht, der falle blêden en bern freegje al om kastanjes. De tûken fan myn conferenceparrebeammen hingje al aardich troch. Noch efkes en it resept foar de parresjem kin wer út e kast. In jierliks ritueel.

Mar soks giet net fansels. De conference kin slim bedrige wurde troch skimmels en baktearjes. Dit ras is frij fetber foar leadglâns (Chondrostereum purpureum), takskurft (Venturia pirina) én baktearjefjoer (Erwinia amylovora). Gelokkich is dat myn lyts hôf besparre bleaun. Dat regelet de natuer sels. Hiel oars as yn e natuer, wurde materiële saken faaks folle mear bedrige; mei namme trochslitaazje. Mar ek dêr ha ik earlik sein net oer te kleien mei myn ûnfergonklike 15 jier âlde Fiat, hús út 1930 en Nokia mobyl. Se binne net kapot te krijen! Blykber hat ‘de tand des tijds’ der gjin fet op en no frege ik my ôf: ‘is dat wol goed foar de ekonomy’?! It antwurd kaam fan in doarpsgenoate, dy advisearre my ‘De Slijtmijt’ fan Marten Toonder te lêzen. In tige nijsgjirrich boek wêryn ‘boppebazen’ fine dat der net genôch slitaazje yn ‘e wrâld is. Dat wurdt hurd oars as Slijtmijten Maaike en Memel en harren oansteande húshâlding fan 5433 aaikes delkomme. Se ite mei ham en gram komplete stienene huzen en kastielen op. Dat komt oannimmer Steenbreek goed út, der kin wer boud wurde! It iennige wêr Slijtmijten in grouwélich hekel oan hawwe binne planten en de rook fan huning; en dat is hjir folop oanwêzich. Dy ferhipte natuer, sa kin ik de ekonomy nea rêde. Sicco Rypma.

Auteur

Redactie