Kommissaris as Baan

Bolsward

Yn it bedriuwslibben en by de oerheid binne kommissarissen aktyf. Salang it goed giet binne jo ûnmisber en meitsje jo diel út fan it Old Boys Network. Mar at it mis giet sneuvelje jo as earste. Dat jout oaren wer de romte de útdaging oan te gean.

Sa fûlen in tal pommerante leden fan de Ried fan Kommissarissen fan Thialf en SC Heerenveen al ris fan harren fuotstik nei ‘verschil fan inzicht’. By sosjale wurkfoarsjenning Caparis wie it oates en toates reboelje, op it lêst moast de rjochterlike macht ynskeakele wurde om frede te sluten. Guon kommissarissen stapten op.

De Nasjonale Plysje hat in nije haadkommissaris. Hy hat de drege taak de lêste reorganisaasje te reorganisearjen. Syn foargonger wie opbrând. Us Fryske Kommissaris fan de Kening, John Jorritsma, hâldt der yn septimber mei op. Se nimme rom de tiid in nij boechbyld te finen. Of it moat wêze dat de beëage kandidaat in opsistermyn hat.

Kommissarissen binne der dus yn soarten en maten. At jo no tinke: ‘kommissaris wurde, dat liket my wol wat’, kom dan oare wike sneon ris nei de Fokdei fan it Frysk Hynder yn Blauhûs. Hjir is de baankommissaris aktyf.

In baankommissaris is in foaroansteande krêft dy’t der foar soarget dat de grutske eigners mei harren hynders en foallen optiid yn e baan komme en konstant kommunisearre mei de wedstriidlieding én de omropper. Koartsein, in liedende rol as spin yn it web.

Dus, kom dat sjen! Wa wit skûlet der wol in wiere Kommissaris yn jo, in moai begjin fan in nije karriêre.


Auteur

Redacteur