Concert Baarda en Beckers

WYTMARSUM

It duo Janny Baarda en Wim Beckers sil sneon 20 augustus yn de Koepeltsjerke fan Wytmarsum in twatal koarte konserten jaan yn it ramt fan Tsjerkepaad 2016. De konserten begjinne om 14.30 en 16.00 oere. Janny en Wim bringe in bûnte samling fan Fryske harksankjes foar it fuotljocht. Njonken eigen wurk binne dat oersettingen en oars mans wurk. Yn de tsjerke stean frijwilligers klear om besikers te fertellen oer de tsjerke. De tagong is fergees, mar in frijwillige bijdrage is wolkom. Op fersyk fan de artysten komt dizze ten goede fan de Feriening MS Nederlân.


Auteur

Redacteur