COLUM | Nij Lân

Bolsward

Myn each foel lêsten op in advertinsje fan in Frysk bedriuw dy’t potinsjele klanten nei de provinsje lokt, mei de gjalp: ‘u bent na een uurtje filevrij rijden op de bestemming’.

No freegje ik my ôf, is dat ‘uurtje filevrij’ yn dizze advertinsje wol fol te hâlden? Ferskate ynfalswegen nei ús provinsje Fryslân binne ommers wol gau ris yn it nijs fanwegen lange wachttiden ynklusyf kop-sturt botsingen by ôfslutingen. Ut de polder wei steane jo foar de brêge yn de A6 by Skarsterbrêge, rjochting Gaasterlân foar de drokke brêge yn de dyk troch De Lemmer. De kamrêden fan de brêge tusken Snits en De Jouwer binne fersliten en de spoarbrêge by it Dútske Weener rjochting Fryslân is fernield troch in frachtskip. Knooppunt Joure docht syn namme ear oan, opstoppingen binne dêr skearing en ynslach. En dan is der noch it meast bekende en grutste debâkle, de langste opreed fan ús lân, de Ofslútdyk. Dêr is it wol hiel faak raak, ien fan de brêgen stie al ris in wike lang omheech. De monteurs en meaculpa’s binne net oan te slepen. En it grutte wurk moat dêr noch begjinne. De oplossing is neffens deskundigen, minder brêgen en mear akwadukten. Mar hoe komt it dan nei in fikse wolkbreuk krekt as koartlyn yn it suden fan it lân? De kelders rûnen fol en de rioelen oer. Dan streame by ús de tunnels ûnder de akwadukten ek fol wetter, Fryslân is dan ynienen in eilân, ôfsluten fan de grutte wrâld, in nij lân, Little-Britain. Sicco Rypma.

Auteur

Redactie