Presintaasje (T)Oerpolderfolder

It Heidenskip

 Fleagen in pear oeren earder de hagelstiennen noch oer It Heidenskip; de jûns 7 oere wie it moai sinneskyn waar mei prachtige loften.

Goed 150 minsken melden har bij it doarpshús om de fytstocht troch de Oerpolder anno 1825 fan Hylke Speerstra te belibjen. Om it healoere stapte in groep op ‘e fyts om ûnder begelieding fan in pear earme feanarbeiders de teäterstikjes  bylâns te gean. It earste halteplak koe noch wol berûn wurdewant  foar de tsjerke op e Buurt leine Wiebe en Hesseltsje mei harren hektsjalk Hoop doet leven. Hja hiene de loft en de kosmos skôge en diene ús de foarspelling dat it in tige droege simmer wurde sil. Sa droech dat it de minsken noch lang en lang heuge sil. Foar de twadde akt  moast men nei de Ursuladyk en wol nei de grutte pleats Welgelegen. Melle Ale’s de Vries wie hjir krekt oankommen en woe besykje ûnderdak te krijen foar syn jonge en in himsels. Mei dit boadskip kaam er bij widdo Sjoukje Fonda. It hiele moaie gedicht fan Germen Rypma oer it Heidenskip wie hjir yn sang te belústerjen. Noch hieltiten oan de Ursuladyk waard fytst nei “de âlde skoalle yn it lân”. Hjir boarten de skoalbern krekt even bûten ûnder lieding fan de strange master Bak. Skriuwer Hylke Speerstra fertelde op dit plak in ferhaal. No op nei de Skar. Stok yn ‘e wyn mar meielkoar en pratendewei fytste it licht. Op de pleats fan de famylje Kampen siet de Kening fier weidûkt yn syn troan. Syn trouwe help Juliëtte stie him bij yn syn lêste dagen. Gjin teäter út it boek de Oerpolder mar in part út it iepenloftspul fan 2 jier ferlyn “de Kening stjêrt” mei twa prachtige oangripende lieten songen troch Jitske Draijer. Yn de Skar is ek it nije natuergebiet de “Wolvetinte”. Yn de tiid fan de swiere febrewarisstoarm fan 1825 it wenplak fan de eigensinnige boer Ignatius de Wolff. Twa fertellers diene hjir it lugubere ferhaal oer wat dy famylje dêr doe dy deis oerkommen is. Foar de wyn wer werom nei doarpshús it Swaeigat foar wat waarmte en de presintaasje fan de (T)Oerpolderfolder. De ynitiatyfnimster fan dizze folder, hâldster fan boerekamping “de Oosthoek” Betty Bakker, oerhandige it earste eksemplaar oan de foarsitter fan doarps- en streekbelang fan It Heidenskip, Arjen Kampen. Op de fraach werom’t sa’n folder hjir yn It Heidenskip en bij toeristen oanslaan sil antwurdet se dat der bij harren op de kamping noch altiten minsken binne dy’t tidens harren fakânsje yn It Heidenskip it boek de Oerpolder lêze. En fansels komme der dan fragen oer wer as wat him no krekt ôfspile hat. Ek bij museum Warkums Erfskip yn de Waag yn Warkum binne se bliid mei dizze folder omdat dêr noch oant 31 july de tentoanstelling “Skerven út ‘e Skar” te sjen is. Allehande  bysûndere fynsten  út ‘e boaiem fan de Wolvetinte binne hjir útstalt. No kinne de minsken oan de hân fan de folder fytse of rinne troch it lân fan wyn en wetter. Mei yn gedachten de gebeurtenissen út 1825.

Auteur

Redactie