Midsummer Night’s Dream oan de Idzegeaster Poel

Blauwhuis

De Gerben Rypma Stifting fan Blauhûs organisearret op sneon 18 juny in Midsimmer Jûn oan de Idzegeaster Poel mei Nederlânske, Flaamske en Fryske dichters ôfwiksele troch klassike muzyk.

Lans Stroeve fertsjinwurdiget de Nederlânske poëzy, hja brocht ferline jier de bondel Olympisch Zwemmer út. Fan Flaanderen komt dichteres Delphine Lecompte. ‘Haar gedichten maakten haar een fenomeen: rapweg, autobiografisch en vol branie’. De Fryske gedichten komme fan Elske Kampen, winner fan de Fedde Schurer Priis en nominearre foar de Gysbert Japickspriis 2013. It programma wurdt iepene, ôfwiksele en ôfsluten troch klassike muzyk fan strykorkest Regina Forte. Sy spylje ûnder oare stikken fan Mozart, Sipke Hoekstra, Paulus Folkertsma én eleminten út Midsummer Night’s Dream fan Mendelssohn. De presintaasje is yn hannen fan útjouwer Ernst Bruinsma.  Nei ôfrin is der Romsitten by sinneûndergong. By reinich waar is alles ûnderdak.

Auteur

Redactie