Column | Wat we net sjogge

Bolsward

Guon minsken tinke by ‘wat we net sjogge’ oan in telefoantap en geheime aginten; oaren tinke oan besmetlike syktebaktearjes of strieling fan mobyltsjes. En wat te tinken fan gif op griente en fruit, hormoanen yn fleis, de hillige Geast, fynstof, wjirmen yn jo tún, swiertekrêft en it 13e-iewske Boalserter merakel fan de Onze-Lieve-Vrouwe van Sevenwouden.

Wat we de kommende moannen ek net sjogge, binne programma’s sa as De Wereld Draait Door en Pauw dy hawwe simmerskoft. Ik sil senet misse, de lange monologen fan Matthijs van Nieuwkerk en dat wize fingerke fan Jeroen Pauw. Wat ik my tagelyk wol ôffreegje is: sjogge we - útsein dizze krante en it sjoernaal - dan hielendal gjin nijs? Of is der allinnich nijs as der nijs makke wurdt? We sjogge de kommende tiid ek gjin aktuele Haagske debatten, de keamer giet mei reses. Wa oan it stjoer sit, we sjogge it net. Wat der wol is, mar we net sjogge, teminsten… dat binne ús tinzen, gedachten. Se binne der, oeral, altyd: ‘wát in suffert, oe wat soer, ik ha de beste kaarten, wát moai, hjir bin ik it perfoarst net mei iens, puf wat waarm, noch ien kear en ik sis der wat fan’. Wat jo tinke en dus sels net sjogge, sjogge oaren wol, want jo gesicht sprekt faak boekdielen. Dêr kin gjin geheime telefoantap tsjinoan Sicco Rypma.

Auteur

Redactie